Tongersdei jildt koade giel yn Fryslân: "Rûch waar"

11 mrt 2021 - 06:07

It KNMI warskôget tongersdei foar swiere wynstjitten. Der jildt koade giel yn Fryslân tusken 07.00 en 18.00 oere. Neffens it waarynstitút kinne der op de swierste mominten wynstjitten fan 100 oant 110 kilometer yn 'e oere foarkomme. Waarman Piet Paulusma warskôget foar 'rûch waar.'

Foto: Omrop Fryslân

Meldkeamer Noard-Nederlân en Veiligheidsregio Fryslân warskôgje ek foar de stoarm. De Veiligheidsregio jout in oantal tips. It ferkear en bûtenaktiviteiten kinne lêst hawwe fan de wyn. Der is kâns op wynstjitten. De measte wyn wurdt yn it twadde part fan de moarn en oan it begjin fan de middei ferwachte.

Waarsfoarsizzing

Waarman Piet Paulusma ferwachtet tongersdei in krêftige wyn út it súdwesten. Yn it Iselmargebiet kin it stoarmich wêze en yn it Waadgebiet is der tydlik kâns op wynkrêft 9, mei wynstjitten oant krêft 11. "Dan giet it der flink om wei", seit Paulusma. Letter yn de middei wurdt it rêstiger. Tongersdeitejûn en nacht folgje noch stoarmbuien mei kâns op tonger en hagel.

Trefwurden: 
koade giel KNMI stoarm
(Advertinsje)
(Advertinsje)