SC Hearrenfean ferrast troch oerstap Gerry Hamstra nei Ajax: 'Net sjyk en earlik'

10 mrt 2021 - 22:34

Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean stapt oer nei Ajax. Dat befêstiget de direkteur fan SC Hearrenfean, Cees Roozemond, oan Omrop Fryslân. Earder dizze wike waard bekend dat Hamstra Hearrenfean ferlitte soe, mar wie de reden net folslein dúdlik. No liket dy boppe tafel te kommen. Ajax hat Hamstra al langer op it each. "We wisten al veel langer dat er iets speelde", seit Roozemond. "We houden hier een wrange nasmaak aan over."

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Gerry Hamstra moat by de Amsterdamske fuotbalklup de nije rjochterhân fan Marc Overmars wurde. "Maar er waren meer clubs die interesse hadden", seit Roozemond. Hy is net wiis oer de gong fan saken. "We zijn onaangenaam verrast door zijn vertrek. We zijn een chique club die altijd open en eerlijk is. Dat is Gerry in dit geval niet geweest."

Roozemond: net genôch jeugd trochbrutsen

No moat SC Hearrenfean dus op syk nei in ferfanger fan Hamstra. Cees Roozemond hat mear krityk op Hamstra: "Technisch manager is meer dan alleen het kopen en verkopen van spelers. Als je kijkt naar onze jeugdopleiding en naar het aantal jeugdspelers dat is doorgebroken, dan staan we in de onderste regionen van de eredivisie."

Wa't de ferfanger fan Hamstra wurdt, is noch net dúdlik. SC Hearrenfean hat yntusken in listje mei ferfangers klear lizzen, mar der is ek noch in soad kennis yn de klup sels, seit Roozemond.

Cees Roozemond - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)