Noch gjin gaswinning Waadsee: moasje twingt regear ta wachtsjen op ûndersyk

10 mrt 2021 - 21:09

De Twadde Keamer hat woansdeitejûn foar in moasje stimd om net fuort útein te setten mei gasboarring ûnder de Waadsee. De Keamer freget it regear om gjin 'onomkeerbare stappen' te setten salang't der noch gjin resultaten bekend binne fan ûndersyk nei de gefolgen fan de mynbou, de 'hân-oan-de-kraan'-metoade, boaiemdelgong en seespegelstiging. De moasje wie yntsjinne troch Carla Dik-Faber (ChristenUnie), Matthijs Sienot (D66) en Suzanne Kröger (GrienLinks).

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It regear is nei oanlieding fan eardere moasjes dwaande mei ûndersyk nei de gefolgen fan gaswinning. Yn Grinslân hat mynbou foar in lang trajekt oan skeawerstel en in stadige útfiering fan fersterking fan huzen. By it Waad soe it ta 'onomkeerbaare, niet te herstellen schade' liede kinne. It Waad is UNESCO Werelderfgoed en it hat in unyk ekosysteem dat fan belang is foar mear as 10.000 seldsume plant- en diersoarten. De meast aktuele plannen foar gaswinning leine by Ternaard. De moasje hâldt yn dat der foarearst gjin gaswinning by Ternaard komt, wat de NAM wol graach wol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)