Boargemaster Tytsjerksteradiel slút drugspân yn Jistrum

10 mrt 2021 - 21:05

Boargemaster Jeroen Gebben fan gemeente Tytsjerksteradiel hat woansdei in wenning yn Jistrum sletten foar in perioade fan seis moannen. Yn de wente fûn de plysje in grut tal harddrugs. Ek binne der ferskate soarten pillen yn beslach naam.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De regels foar it drugsbelied binne yn 2018 oanskerpe troch de boargemasters yn Noardeast-Fryslân. Hjirmei kin de boargemaster wenten of publyk tagonklike ynrjochtingen slute yn it gefal fan drugshannel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)