ProRail pakt iepene spoaroergongen oan: Fryslân hat dêr noch 13 fan

10 mrt 2021 - 20:24

Iepene spoaroergongen sûnder slachbomen en lûd binne folle gefaarliker as tocht. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan ProRail en de NS. By in tal oergongen is it risiko op ûngelokken sels sa grut dat der fuortendaalks maatregels naam wurde moat. Yn Fryslân binne der noch 13 iepene spoaroergongen: yn Waadhoeke, Dantumadiel en Súdwest-Fryslân.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Aldert Baas fan ProRail fertelt dat it doel is dat yn 2024 alle iepenbiere oergongen ferdwûn binne. Der binne ek partikuliere oergongen, bygelyks tusken greiden foar in boer. Ek dêr wol ProRail oer yn petear.

Oanlieding fan it ûndersyk fan ProRail en NS wie in slim ûngelok. "Bij Hooghalen was een ernstig ongeluk op 22 mei tussen een trein en een zwaar landbouwvoertuig. Daarbij is helaas de machinist om het leven gekomen. Naar aanleiding van dit ongeluk zijn er allerlei onderzoeken gedaan, ook naar het gebruik van overwegen en het gebruik van zwaar verkeer op die overwegen," fertelt Baas. De konklúzje wie dat de oerstektiid foar swier ferkear somtiden langer wie as de sichttiid dy't der nedich wie.

Oerlis mei allerhanne partijen

Dêrom wurde der fuortendaalks maatregels naam. "De beste oplossing is het opheffen van een overweg of het dichtzetten zodat het niet meer gebruikt wordt. Op een aantal plekken lukt dat. Waar het niet kan moeten we naar andere maatregelen kijken. Misschien kunnen we met betrokkenen tot regelingen komen zodat de overgang niet meer nodig is. Of we kunnen kijken naar het verbeteren van de situatie, bijvoorbeeld het zicht. In het uiterste geval kunnen we ook de snelheid van de trein verlagen. Zo neemt de oversteektijd toe. Maar dat is wel een zware ingreep."

Dêr is in soad oerlis foar nedich. "We zijn met alle belanghebbenden gesprekken aan het voeren. Dat zijn veel aanwonenden, overheden, vervoerders. En ook intern hebben we onderzoek te doen. Want een aanpassing aan het spoor kan weer gevolgen hebben voor een situatie verderop. We zijn afhankelijk van de samenleving met allerlei partijen: eigenaren, wegbeheerders, natuurgrondbeheerders, kabel- en leidingmaatschappijen. Met dat soort instanties proberen we tot afspraken te komen."

Aldert Baas fan ProRail

(Advertinsje)
(Advertinsje)