Reissektor smachtet nei ferromming: "It negative oer it reizgjen stekt wol"

10 mrt 2021 - 19:44

De reissektor smachtet nei ferrommingen fan de coronamaatregels. Al in jier lang binne fakânsjes nei it fiere bûtenlân hast net mooglik. "Het is verschrikkelijk eigenlijk, alles ligt plat, er mag niet gevlogen worden', seit Erik van der Waard fan reisburo Internoord yn Ljouwert. Dat bestiet al 60 jier. "Maar het is nog nooit zo stil geweest." Van der Waard hopet dat der gau wer wat perspektyf komt. "Anders houden sommige ondernemers het niet vol."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens de ANWB binne in soad reizgers noch wol foarsichtich mei it boeken fan fakânsjes. Se wachtsje noch hieltyd ôf, fernimt ek Nynke de Vries dy't by Internoord de klanten te wurd stiet. "It hat wol swier west. Yn it begjin wie Rutte net al te posityf oer de reisbrânsj, dat stekt wol. Want wy dogge ek ús bêst. Myn wurkjouwer is ek in lokale ûndernimmer dy't jild fertsjinje moat. Dan sizze minsken: as je no reizgje, dan binne je asosjaal. Mar aldergeloks wie it de lêste parsekonferinsje better. It begjin is der."

Measte fraach nei Europa

De measte ynteresse is der foar reizen binnen Europa. De Vries: "Ik merk dat minsken wer nocht hawwe om op reis te gean. Minsken fine it noch wol spannend. Sy freegje oft sy bygelyks yn july wer op fakânsje kinne. Mar dat witte wy fansels ek net wis. Minsken wolle benammen nei Europa, lannen lykas Grikelân en Spanje. Nederlân sit al hiel fol en it is hiel djoer. Foar itselde jild sitte je yn it bûtenlân."

Wurknimmer Nynke de Vries

Van der Waard hopet benammen dat der snel mear faksinaasjes set wurde. "Alles ligt op z'n rug. We zijn net op afspraak weer open, maar het is verschrikkelijk. De reissector is wel positief, we zijn wel wat gewend. Maar dat was altijd van korte duur. Nu begint het te piepen en te kraken. Het vaccineren schiet nog niet op, dat duurt veel te lang."

By Internoord hoopje se dat minsken dy't earder in voucher krigen hawwe net harren jild werom easkje, mar dat sy in nije reis boeke. "It moaiste soe in nije reis wêze, mar úteinlik is it it jild fan de klanten."

Erik van der Waard fan Internoord Travel Group

(Advertinsje)
(Advertinsje)