Hoogland: "It is dreech praten om't boeren sa fersnipele binne oer klups"

10 mrt 2021 - 19:10

De boeren dy't woansdeitemoarn aksje fierden by it Provinsjehûs yn Ljouwert, hawwe oan deputearre Douwe Hoogland in 'brevet van onvermogen' jûn. Yn de plannen fan de provinsje stiet dat boeren yn in part fan Fryslân it lân earst kontrolearje moatte op fûgelnêsten foar't sy der op meie om te meanen, bedongjen of beweidzjen. "Dêr kin ik net safolle mei," seit Hoogland oer it brevet. "Mar eltsenien mei aksjefiere, dat is in rjocht yn Nederlân."

Foto: AS Media

Op it brevet dat de deputearre krige, stie: "De meest onbekwame en gelikte groene provinciebestuurder tot op heden van de provincie Fryslân. Een wolf in schaapskleren." Mar dêr hat deputearre Hoogland net echt boadskip oan. "Want as provinsje hawwe wy yn it algehiel goede petearen mei de fûgelwacht en de agraryske sektor. Dat hat hjir ek west, ek mei de boeren."

'Boeren fersnipele yn klups'

Hoogland fynt dat it praten mei boeren dreech is, om't der sa'n soad groepen binne. "It is wol dreech dat de boeren sa fersnipele binne yn ferskate organisaasjes en wy net altyd mei eltse organisaasje om tafel sitte. Mar dat wy net mei de boeren prate en it net mei harren dogge, dat wol ik bestride. Mei de aksje hawwe se bydroegen oan de sjenswizeperioade dy't wy no hawwe yn it ramt fan de omjouwingsferoardening. Dy perioade duorret oant 12 april."

Oanskerping

Neffens de deputearre giet it yn de plannen om in oanskerping: "It is in soarchplicht dy't der al 15 jier op sit. Wy hawwe it in bytsje oanskerpe: wy wolle der wis fan wêze dat wy mei it útfieren fan it greidefûgelbehear gjin flaters meitsje. De Bond van Friese Vogelwachten is foar ús in hiele wichtige organisaasje, dy't in grut part fan it wurk foar de boer al weinimt. Boeren kinne sels al in goeie kontrôle dwaan, dan sille sy fan ús gjin lêst hawwe."

It doel moat neffens Hoogland it tanimmen fan it tal greidefûgels wêze. "Wy prate hjiroer mei alle partijen, net allinne mei de aksjefierders. Der is noch net in beslút nommen, it leit noch oant 12 april ta besjen en yn novimber folget pas in beslút. Wy beoardiele de sjenswizen, as dêr goeie maatregels tusken sitte, dan sjogge wy dêr serieus nei."

Deputearre Douwe Hoogland

(Advertinsje)
(Advertinsje)