Professor Van den Berg: "Stem kandidaat op net-niet verkiesbare plek"

10 mrt 2021 - 18:26

Ynwenners fan Fryslân dy't fine dat der te min Friezen yn de Twadde Keamer sitte, moatte nije wike net op de listlûker fan de partij fan harren foarkar stimme, mar op in regionale kandidaat. Dat seit professor Caspar van den Berg yn reaksje op it ferkiezingsûndersyk fan Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ut dat ûndersyk docht bliken dat mar 18 persint fan de ynwenners fan Noard-Nederlân him fertsjintwurdige fielt troch de Twadde Keamer. "Veel mensen stemmen op de lijsttrekker van de partij van hun voorkeur, maar dat hoeft natuurlijk helemaal niet. Je kunt ook stemmen op een kandidaat uit eigen omgeving of op iemand waar je je beter in herkent."

Stim op regiokandidaat op krekt-net ferkiesber plak

In foarkarstim hat it measte effekt as jo dy útbringe op in kandidaat dy't op in krekt-net ferkiesber plak stiet. "Een kandidaat op de tweede plek heeft niet zo veel aan een voorkeurstem, maar voor iemand op plek 16 of 17 kan een voorkeurstem net het verschil uitmaken." By de foarige Keamerferkiezingen bedarre Isabelle Diks fan GrienLinks tank foarkarstimmen ûnferwachts yn de Twadde Keamer.

Isabelle Diks kaam ûnferwachts yn de Twadde Keamer - Foto: GrienLinks

Van den Berg hat mei in ûndersyksteam de regionale sprieding fan Keamerleden sûnt 1992 yn kaart brocht. It resultaat lit sjen dat Fryslân, Grinslân en Drinte ûnderfertsjintwurdige binne yn de Twadde Keamer. Fryslân hat op dit stuit mar twa Twadde Keamerleden: Aukje de Vries foar de VVD en Harry van der Molen foar it CDA.

Eigen ferantwurdlikens: ferdjipje josels yn regionale Keamerleden

Van den Berg fynt it opfallend dat mar 3 persint fan de ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte in Keamerlid út eigen streek wit op te neamen. Yn Fryslân is Harry van der Molen noch it meast ûnbekend. "Burgerschap heeft natuurlijk twee kanten. Als je je niet vertegenwoordigd voelt in het parlement, doe je er goed aan om je te verdiepen wie er namens jouw regio in de Tweede Kamer zit. Het gaat natuurlijk niet helemaal vanzelf."

CDA wol diel parlemint regionaal kieze

It CDA stelt yn it ferkiezingsprogramma foar om yn de takomst in diel fan it parlemint regionaal te kiezen om sa te befoarderjen dat alle regio's better en earliker fertsjintwurdige binne. Van den Berg begrypt de bedoeling fan it foarstel, mar sjocht it der net gau fan kommen. "Voor een ander kiesstelsel moet de grondwet worden veranderd en dat is in Nederland een lange weg." Kiezers dy't stribje nei in parlemint mei mear minsken út de eigen regio, kinne dat neffens Van den Berg it bêste regelje yn it stimlokaal.

Harkje nei Caspar van den Berg

(Advertinsje)
(Advertinsje)