Beropsferiening foar politisy

Rendert Algra © Omrop Fryslân
Foar politisy moat in beropsferiening komme. Dy feriening moat keamerleden, steateleden en riedsleden helpe by har wurk. De beropsferiening is in plan fan âld-Twadde Keamerlid Rendert Algra fan Jobbegea. Oanlieding foar him is de diskusje oer wegeramtners. Guon politisy stimme ûnder druk fan har fraksje foar of tsjin in plan wylst se dêr sels oars oer tinke.
De beropsferiening moat amtners ûnder oaren mei ditsoarte fan saken bystean. De feriening moat tagonklik wêze foar alle politike partijen. Algra wol de feriening begjin takom jier oprjochtsje. Hy docht op dit stuit ûndersyk nei de animo ûnder politisy. Der is al in namme foar de feriening: Zonder Last.