Fan de earste besmetting oant de lockdowns: sjoch werom op in jier corona

10 mrt 2021 - 18:00

Wylst yn hiel Nederlân al de earste coronabesmettingen wiene, bleau it stil yn Fryslân. Oant tiisdei 10 maart 2020. In stel op De Gordyk hie yn kontakt west mei ien út Noard-Brabân dy't it firus hie. En dêr bleau it net by. Hjirûnder in gearfetting fan ien jier corona yn fjouwer fideo's.

Sjoch woansdeitejûn tusken 21.00 en 22.00 oere nei in spesjaal telefyzjeprogramma oer in jier coronafirus yn Fryslân.

It begjin fan de coronakrisis yn Fryslân

Al gau waard dúdlik dat it firus eltsenien reitsje soe. De ien mear as de oar. Foaral foar âlderein dy't in grutter risiko hawwe om slim siik te wurden en jongelju fan wa't it hiele libben op 'e kop stiet, hat it in dreech jier west.

persoanlike ympakt jong en ald

Neist de persoanlike gefolgen rekket de coronakrisis ek in soad minsken finansjeel. Fan de kroecheigener oant de toanielspiler.

Ekonomyske ympakt

Neist alle drege tiden, hawwe der ek moaie mominten west yn dit coronajier.

moaie mominten

Ien jier corona yn Fryslan. Fan de earste besmetting oant de lockdowns. Fan iensumheid ûnder âlderein nei hoopjaande mienskipssin. Fan drege tiden foar soarchpersoniel oant it faksin. En fan swier ekonomysk waar foar ûndernimmers nei hoop op bettere tiden. Omrop Fryslân bringt op 10 maart de ferhalen efter de coronakrisis. Sjoch woansdeitejûn tusken 21.00 en 22.00 oere nei in spesjaal telefyzjeprogramma oer in jier coronafirus yn Fryslân.

Trefwurden: 
coronafirus kompilaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)