Faasje efter Black Horse yn Menaam: ferkocht oan boubedriuw

10 mrt 2021 - 17:51

It fertutearze eardere kafee Black Horse yn Menaam is ferkocht oan in boubedriuw, dat meldt de fraksje fan de VVD yn Waadhoeke. De bedoeling is dat der apparteminten foar starters yn komme. Ferline moanne stelde de VVD noch fragen yn de riedsgearkomste, sy woene sjen oft de gemeente de eigener stypje koe mei it oanpakken.

It fertutearze eardere kafee Black Horse yn Menaam - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De daksgoatten hingje los en foar de ramen binne platen timmere. De eigener hie al plannen foar apparteminten, mar krige dat net goed foarinoar. No liket der dus in oplossing te kommen: "Eindelijk goed nieuws voor Menaam," skriuwt de VVD-fraksje.

Trefwurden: 
Menaam kafee Black Horse
(Advertinsje)
(Advertinsje)