Terrassen Tytsjerksteradiel grutter sûnder ekstra gemeentlike heffing

10 mrt 2021 - 17:50

Hoareka-ûndernimmers yn Tytsjerksteradiel krije dit jier ek wer mear romte foar de terrassen, sa hat de gemeente woansdei bekend makke. Sagau't it kabinet beslút ta ferromming fan de coronamaatregels, kinne de ûndernimmers fuortendaliks de tafels en stuollen bûtendoar sette. De terrassen meie grutter en de hoareka hoecht dêr gjin ekstra terrasbelesting foar te beteljen.

Neffens boargemaster Jeroen Gebben krije de ûndernimmers dizze dagen in oanfraachformulier yn de bus "It kostet ús allegearre in soad jild", seit Gebben oer de coronakrisis.

Foar in grutter terras moatte ûndernimmers oars ek ekstra belesting betelje. Se brûke de iepenbiere romte en dat kostet jild. De gemeente brûkt dat jild foar ûnder oare it regeljen fan de ferkearsfeiligens. Mar dit jier is in grutter terras fergees. Gebben: "Wy witte dat de ûndernimmers it dreech hawwe, dus wy sizze: It giet dit jier gewoan wer fergees, lykas ferline jier."

Boargemaster Jeroen Gebben

(Advertinsje)
(Advertinsje)