Frjentsjerter sporthal De Trije tenei ek faksinaasjeplak GGD

10 mrt 2021 - 16:37

Yn april iepenet GGD Fryslân in nije faksinaasjelokaasje yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. It is it sechde plak dêr't Friezen in prik tsjin it coronafirus krije kinne.

Faksinaasje yn Snits - Foto: GGD Fryslân

Oant no ta is faksinaasje mooglik yn Ljouwert, Drachten en Snits, yn april komme dêr It Hearrenfean, Dokkum en dus ek Frjentsjer by. Uteinlik moatte der acht priklokaasjes komme. Letter yn de maitiid komme mooglik Koudum en Easterwâlde yn byld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)