"Wit Konijn Rood Konijn" makket ein oan jier teäterstop by De Harmonie

10 mrt 2021 - 15:53

It is de langste teäterstop dy't De Harmonie ea meimakke hat: al sûnt 13 maart 2020 is de Ljouwerter stedsskouboarch ticht. Mar eksakt in jier letter is der wer in foarstelling: Wit Konijn Rood Konijn. De foarstelling wurdt yn mear as 30 lannen dien. En bysûnder is dat de trije akteurs - Joop Wittermans, Brecht Wassenaar en Tamara Schoppert - noch net witte wat sy spylje sille.

Foto: Wit Konijn Rood Konijn

It giet om in inisjatyf fan it Aurora Nova Theater yn Berlyn. Yn De Harmonie wurdt it stuk yn trije sealen spile. Dy sealen binne boppedat krekt fernijd. De akteurs krije it stik pas as sy it poadium op rinne. "Sûnder tarieding en repetysjes mei in steapel papier it toaniel op dus," seit Joop Wittemans. "Geandewei moatte wy der út sjen te kommen. Dat is ferskriklik spannend, mar ik fyn it wol leuk."

It publyk kin it fergees fia in livestream folgje. Wittemans is der wiis mei dat hy wer spylje kin: "It begjint te ferfelen, de tiid fan selsrefleksje en kontemplaasje hawwe wy no wol hân. Dêrom fyn ik it ek wol moai om te sizzen: wy binne der noch. Je kinne de minsken wer efkes kitelje om aanst wer te kommen."

Joop Wittermans oer de spesjale foarstelling

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)