Wer nije oanhâldingen foar drugslabs yn Koatstertille en Minnertsgea

10 mrt 2021 - 15:32

De plysje hat fan 'e wike opnij trije manlju oppakt foar mooglike belutsenens by dugslabs yn Koatstertille en Minnertsgea. Foar de saak-Koatstertille waarden in 35-jierrige man út dat plak en in 36-jierrige man út Gruttegast (Grinslân) oanhâlden. Foar Minnertgea giet it om in 41-jierrige man út Frjentsjer. De labs waarden ferline moanne ûntmantele.

It drugslab oan de Oastkern yn Koatstertille - Foto: Noordernieuws/De Vries Media

It drugslab yn Koatstertille, dêr't metamfitamine makke waard, kaam ein febrewaris oan it ljocht by in ynfal yn de loads oan de Oastkern. It wie op dat stuit yn wurking. By de produksje fan crystal meth wurde gemyske stoffen brûkt. Dat kin gefaarlik wêze foar omwenners. Dyselde jûn waarden twa manlju fan 47 en 53 jier oanhâlden.

Ek nije oanhâlding foar drugslab Minnertsgea

Fierders is yn de saak fan in drugslab yn Minnertsgea ek in nije oanhâlding dien. It giet om in 41-jierrige man út Frjentsjer. Syn hûs is trochsocht. It drugslab yn Minnertsgea waard op 19 febrewaris ûntromme. Dêrby waarden trije minsken oanhâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)