Winamer himpkweker krijt 100 oeren wurkstraf

10 mrt 2021 - 15:27

In himpkweker fan Winaam is troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oeren en in moanne selstraf ûnder betingst. De plysje trof yn desimber 2019 in himpplantaazje mei 249 lytse plantsjes oan yn de garaazje fan it hûs fan de fertochte oan de Readyk.

Foto: Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)

De bewenner fan 45 jier sei tsjin de rjochter dat hy noch mar fiif dagen dwaande wie. De plysje hie it fermoeden dat de man al langer kweekte mar dêr is gjin bewiis foar.

Jildkrapte wie de reden dat de man mei de kweek begûn. Mar troch de ûntdekking fan de plantaazje kaam hy noch fierder yn de problemen. Hy rekke syn hûs en syn baan kwyt. Ek krige hy in rekken fan enerzjybehearder Liander fan 6.000 euro.

Trefwurden: 
Winaam himpkweker Readyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)