208 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

It RIVM meldt woansdei 208 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 61 mear as in dei earder. Doe wiene der 147 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 167 besmettingen konstatearre.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (35), Súdwest-Fryslân (34) en Waadhoeke (23).
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Smellingerlân.
Der binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije sikehûsopnamen meld fan minsken dy't besmet binne mei it coronafirus.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 5.330 minsken besmet mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.