Twa Harnzer bruorren feroardiele foar oantaasting op bernefeestje

Twa bruorren út Harns binne troch de plysjerjochter feroardiele ta 40 oeren wurkstraf en 40 oeren wurkstraf ûnder betingst, fanwege oantaasting en geweldpleging op in bernefeestje.
Justysje © Shutterstock.com
De bruorren ha yn augustus 2017 in nichtsje oantaast. Dat barde yn in wenning yn Seisbierrum. It barde yn it smookhok. Neffens de mannen hiene se it nichtsje kitele, mar de rjochter fûn de ferklearring fan it slachtoffer en de tsjûgen oertsjûgjend genôch en achte oantaasting bewiisd.
Der wie ek genôch bewiis foar de mishanneling fan de heit fan it slachtoffer. Dy hie de mannen slein en skopt om syn dochter te beskermjen. Dêrop wie hy troch de bruorren mishannele.
Njonken de 40 oeren wurkstraf moatte de bruorren ek 250 en 500 euro werombetelje oan it famke.