Bysûnder byldmateriaal Harnzer sikehûs Oranjeoord digitalisearre

It Frysk Film- en Audioargyf hat âlde bylden fan sikehûs MCL yn Harns op de site set. De bylden binne út de tiid dat it sikehûs noch Oranjeoord hiet.
© Screenshot Frysk film- en audio-argyf
It materiaal siet yn filmblikken. Dy kamen foar it ljocht by it oprêden fan in keamer dêr't mear argyfmateriaal lei. In fiiftal âlde films jouwe in moai ynsjochje yn de skiednis fan it sikehûs. De âldste opnamen binne fan 1961. Doe ferhuze it Algemien Protestantsk Sikehûs fan it Bolwurk nei it nije Oranjeoord oan de Wilhelminastrjitte. Dêr siet letter de plysjeskoalle yn.
It leger hat holpen by de ferhuzing. Pasjinten waarden nei ûnderen takele yn in lift dy't mei de hân betsjinne waard. Oaren waarden troch militêren op de brankaar troch it treppehûs droegen. Dêrnei waarden se mei brankaar en al yn in trijetonner hyst.