Provinsje hellet beammen fuort om dyk tusken Stynsgea en Koartwâld feiliger te meitsjen

Om de Uterwei (N358) tusken Stynsgea en Koartwâld feiliger te meitsjen, is de provinsje woansdei úteinset mei it fuortheljen fan beammen. Yn de dyk by Surhuzum del komme no saneamde lânboupassearstikken en in ovonde.
De Uterwei ta hichte fan Surhuzum © Google Street View
De ovonde slút oan op de Rysloane en de Suderheawei. Fierders komt der in fytstunnel oan de Rysloane. En om't der beammen fuorthelle wurde, plantet de provinsje op in oar plak nije beammen.
Op it stik dêr't de beammen kapt wurde, is ien rydstripe tydlik ticht. Boppedat giet de maksimumsnelheid omleech.