Kampioenspûl fier fuort foar froulju SC Hearrenfean nei spektakelstik tsjin ADO

10 mrt 2021 - 13:29

De kampioenspûl is fier fuort foar de froulju fan SC Hearrenfean nei it lykspul (3-3) tsjin ADO Den Haag tiisdeitejûn. It gat mei de direkte konkurrint ADO bliuwt dêrtroch fjouwer punten en der binne noch mar trije wedstriden om dat yn te heljen.

Sjoch hjirûnder nei in gearfetting fan it doelpuntespektakel:

It like der lang op dat de Fryske froulju hielendal mei lege hannen efterbliuwe soenen, mar yn de 80e minút kamen se troch in eigen doelpunt fan Gwyneth Hendriks dochs op gelikense hichte. Yn de 87e minút kaam Hearrenfean sels op foarsprong troch in doelpunt fan Nikée van Dijk. Dêrmei wie de oerwinning hast wis, mar Jaimy Ravensbergen skeat ADO yn de blessueretiid wer neist Hearrenfean: 3-3.

"Dan is de teloarstelling ûntsettend grut", seit oanfierster Tiny Hoekstra. "Dy 3-3 mei gewoan net. Dêr moatte we skerp wêze. Ik moat wol sizze dat elkenien der fol foar gien is en dat elkenien der fol foar fochten hat. Mar ja, sy komme lullich oan dy goals en dan wurdt it 3-3 en dêr ha wy net genôch oan", seit Hoekstra.

Krúsjale wedstriid

Dat Hearrenfean dêr net genôch oan hat, hat te krijen mei de opset fan de earedifyzje foar froulju. De kompetysje bestiet út acht ploegen, dy't nei fjirtjin wedstriden opdield wurde yn twa pûls fan fjouwer: in kampioenspûl en in ferliezerspûl. ADO Den Haag stiet op it stuit op it fjirde plak, dat Hearrenfean ek sa graach bemachtigje wol. De wedstriid fan tiisdeitejûn wie dêryn krúsjaal. In nederlaach soe betsjutte dat it gat oprinne soe nei sân punten en dat soe mei noch trije wedstriden op it programma hast net te oerbrêgjen wêze.

Stân yn earedifyzje

Punten Doelsaldo
1. Ajax 25 +16
2. PSV 24 +16
3. FC Twente 23 +18
4. ADO Den Haag 16 +3
5. SC Hearrenfean 12 -3
6. PEC Zwolle 9 -10
7. VV Alkmaar 6 -15
8. Excelsior 5 -25

Dy spanning wie goed te sjen yn it spul fan beide ploegen, dy't nettsjinsteande it tal goals net ta in soad útspile kânsen kamen: "Ik tink dat wy te graach woenen en dat we dêrtroch te ûnrêstich wienen", seit Hoekstra. "Ast gewoanwei ús wedstriden sjochst, dan kreëarje we bêst wol in soad kânsen."

'KNVB moet hier iets aan doen'

Trainer Roeland ten Berge baalt dat syn ploech yn dizze faze fan it seizoen al sa'n wedstriid spylje moast. "Ik denk dat die spanning vooral komt uit de opzet van deze competitie. Dat is gewoon een beetje jammer", seit de trainer. "Sorry dat ik het zeg, maar als wij het vrijdag niet redden dan kan het gebeurd zijn en dan is eigenlijk het seizoen een beetje over. Dan speel je in poule B, daar moet de KNVB gewoon wat aan doen."

Yn dy ferliezerspûl stiet neat mear op it spul, want it is by de froulju net mooglik om te degradearjen út de earedifyzje. De klups yn dy pûl slute it seizoen dêrtroch ôf mei seis kompetysjewedstriden wêrby't it nearne mear om giet. Ten Berge pleitet der dêrom foar om tenei oardel kompetysje te spyljen, wêrby't alle klups dus trije kear tsjin inoar spylje.

"Dat zeg ik niet alleen als we onderin eindigen, maar dat zeg ik ook als we bovenin eindigen. Ik heb het twee jaar geleden ook gezegd. Maar we maken nog steeds een kans en gaan vrijdag gewoon knokken voor wat we waard zijn. We moeten gewoon weer winnen", seit Ten Berge.

Op freed stiet foar Hearrenfean de thúswedstriid tsjin FC Twente op it programma, wylst ADO Den Haag it opnimt tsjin VV Alkmaar. Derfan útgeande dat ADO dy wedstriid tsjin de leechfleaner winne sil, moatte de Friezinnen dus minstens in punt pakke om kâns te hâlden op de kampioenspûl.

"Alles is mooglik yn it fuotbal, mar it wurdt wol in hiele swiere opjefte tink ik", seit Hoekstra dêroer. Ek de trainer wit dat freed miskien al wol de beslissing falt. "Het verschil moet vrijdag in ieder geval niet verder oplopen. Wij moeten gewoon ons werk blijven doen en er is nog steeds een kans. Dat heb ik de groep net ook gezegd. Wij geven absoluut niet op en gaan ervoor."

Programma's

Spylronde SC Hearrenfean ADO Den Haag
12 FC Twente (thús) VV Alkmaar (út)
13 PEC Zwolle (thús) PSV (thús)
14 VV Alkmaar (út) Ajax (út)

As Hearrenfean nei freed noch hieltyd yn de race foar it lânskampioenskip is, dan sjocht it der ynienen wer in hiel stik better út. "Ik denk dat wij een beter programma hebben", seit Ten Berge.

Hearrenfean nimt it nammentlik noch op tsjin PEC Zwolle en VV Alkmaar, dy't ûnder harren steane yn de kompetysje, wylst ADO Den Haag it opnimt tsjin de koprinners: Ajax en PSV. "Maar ik denk dat we nu niet naar berekeningen moeten kijken. Ik vind dat we er gewoon alles aan gedaan moeten hebben", sa seit Ten Berge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)