Dalstra Reizen gie fallyt troch corona, mar klimt stadichoan wer út it dal

10 mrt 2021 - 12:38

It jier 2020 wie in roerich jier foar Johan Dalstra en syn famylje. It famyljebedriuw Dalstra Reizen waard hurd troffen troch de coronakrisis. Njoggentich persint fan de omset is fuortfallen en de stipemaatregels fan de oerheid binne net foldwaande. It bedriuw dat al sûnt 1927 bestiet, falt om. In pear moannen letter komt der dochs in trochstart. Mar hoe is it no mei de famylje?

Hoe is it no mei Dalstra Reizen?

"It bliuwt je net yn de kâlde klean hingjen", fertelt Johan Dalstra as er weromsjocht op it ôfrûne jier. Soks hie hy noch nea meimakke mei it bedriuw. Fan maart ôf gie it allinnich mar minder mei it bedriuw, sels doe't der yn de simmer ferommingen kamen. "Minsken wiene it betrouwen kwyt. Gewoanwei hawwe wy 22 bussen op 'en paad, ferline jier wie it droktste momint 10 bussen."

Ik tocht: wêr doch ik it foar?

Johan Dalstra fan Dalstra Reizen

Johan hope dêrom op in goede neisimmer mei in soad skoalreizen. "Mar ek dat bleau út en yn de winter leit ús seizoen sawat stil. Mei de akkountant hawwe je it dan oer de kar dy't je meitsje moatte." Op tiisdei 22 septimber kaam it definitive beslút: Dalstra Reizen yn Surhústerfean freget it fallisemint oan.

Fallisemint

It famyljebedriuw is in grut part fan it libben fan Johan. As jonkje wenne er neist de saak en boarte er yn de bussen. No is er al sawat fyftjin jier direkteur. De klap kaam dêrom ekstra hurd oan. "It wie echt in drama. Ik hie hope op mear stipe fan de regearing, mar dat wie minimaal. Dêrtroch haw ik wol in tiid yn de put sitten. Ik tocht: wêr doch ik it foar?"

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Net allinnich foar de famylje wie it in heftige perioade, mar ek foar de 35 minsken dy't der wurken. Johan fertelt dat guon al 40 jier yn it bedriuw sieten. Alles byinoar soarge it derfoar dat er yn in negative spiraal kaam. Mar net foar lang. "Je binne ûndernimmer. De knop moat op it gegeven momint wer om. Je moatte troch." De stipe fan de klanten. Dat wie ien fan de redenen dat Johan wer út de put komme koe. "Sy stjoerden blommen en kaarten. Sy bellen oer dat se wol wer reizgje woene. Dat jout je sels wer in positive draai. Dêr doch ik it foar."

Trochstart

Ien moanne en acht dagen nei it oanfreegjen fan it fallisemint kaam ljocht oan de ein fan de tunnel. Dalstra Reizen Surhústerfean makket in trochstart en bliuwt yn hannen fan de famylje. Foarearst gean Johan, syn frou en syn beide âlden sels troch mei de aktiviteiten en de ritten, mar sûnder personiel.

Johan Dalstra - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De famylje is him no oan it tarieden op it kommende seizoen. Se hawwe oerlis mei de hotels en de gidsen, want dy moatte al wol fêstlein wurde. Minsken wolle wer graach reizgje, fertelt Johan. "Rjochting july, augustus en septimber wurdt der al boekt. Wy hawwe in oare strategy. Wy freegje gjin oanbetelling mear en litte de minsken seis wike yn 't foar witte oft de reis trochgean kin of net." Oant no ta hat Johan noch gjin personiel oannimme kinnen, mar hy hat wol geregeld kontakt mei harren.

De fraach is noch wat dizze simmer mooglik is mei it each op it coronafirus. Johan hat in goede hoop, benammen troch it faksinearjen dat no begûn is. "Dat kin betsjutte dat ús doelgroep wer wat mear betrouwen krijt om te reizgjen."

Ien jier corona yn Fryslan. Fan de earste besmetting oant de lockdowns. Fan iensumheid ûnder âlderein nei hoopjaande mienskipssin. Fan drege tiden foar soarchpersoniel oant it faksin. En fan swier ekonomysk waar foar ûndernimmers nei hoop op bettere tiden. Omrop Fryslân bringt op 10 maart de ferhalen efter de coronakrisis, mei jûns tusken 21.00 en 22.00 in spesjaal telefyzjeprogramma.

Lês hjir it ferhaal fan Pytrik Hiemstra en Wouter van Geffen werom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)