Jild nedich foar wenjen en wurkjen op plattelân om druk op stêden te ferminderjen

10 mrt 2021 - 11:48

It plattelân kin in grutte rol spylje yn it oplossen fan it wenningtekoart, de enerzjyoergong en fernijing fan de soarch. Mar dan moat der wol mear jild nei plattelânsgemeenten. Dat is it boadskip fan de P10, it gearwurkingsferbân fan de 29 grutste plattelânsgemeenten.

It doarp Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

By de P10 binne de Fryske gemeenten Weststellingwerf, Eaststellingwerf, Noardeast-Fryslân, De Fryske Marren en Opsterlân oansletten. Boargemaster Ellen van Selm fan dy lêste gemeente is foarsitter fan de P10.

Oardel miljard

De gemeenten tinke ien kear in miljard en struktureel in heal miljard nedich te hawwen foar de plannen. It jild is bygelyks nedich om romte te meitsjen foar wenningbou en om rap ynternet oan te lizzen. Dêrnjonken moat der nij belied foar de arbeidsmerk komme, sadat it oantrekliker wurdt bûten de Rânestêd in baan te sykjen.

Plattelân nedich om fraachstikken fan dizze tiid op te lossen

In aginda foar it plattelân moast der komme, want der is ek al jierren in aginda foar de stêd. Yn polityk Den Haag sizze se dat de stêd net allinnich it plak dêr't it barre moat. It plattelân is hurd nedich om de fraachstikken fan dizze tiid op te lossen, seit Van Selm.

Ferdieling romte yn Nederlân heech op politike aginda

By de folgende kabinetsformaasje sil de ferdieling fan de iepenbiere romte yn Nederlân heech op aginda stean, ferwachtet se. De P10 hat tsien konkrete punten opsteld hoe't it plattelân fitaal bliuwe kin.

Besteande wenten opknappe

Der moat mear wenromte komme yn hiel Nederlân, yn de stêden en op it plattelân. Allinnich mar oeral nijbouwiken delsette is net winsklik, fynt Van Selm. Besteande wenten moatte ek opknapt wurden. Duorsume wenten binne mear fan dizze tiid. Dêr is jild foar nedich.

In tal fraksje yn de Twadde Keamer hat al in positive reaksje jûn op de aginda plattelân, seit Van Selm. Se fine it in goed hânfet om de saak te bestudearjen.

Boargemaster Van Selm oer de aginda plattelân fan de P10

Trefwurden: 
wenningbou P10 Ellen van Selm
(Advertinsje)
(Advertinsje)