IM wol hegere straf foar beskonken Sint-Jânsgeaster dy't ûngelok feroarsake

10 mrt 2021 - 11:43

It Iepenbier Ministearje easket yn heger berop in hegere straf tsjin in 43-jierrige man út Sint-Jânsgea dy't fertocht wurdt fan it feroarsaakjen fan in ferkearsûngelok wylst er te folle drank op hie. De rjochtbank hie him in finzenisstraf fan trije moannen oplein en in rydferbod fan twa jier. It IM wol no sân moannen sel en in rydferbod fan trije jier.

It gerjochtshôf yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man wie yn berop gong tsjin de straf dy't de rjochtbank oplein hie, mar krijt no dus in swierdere straf tsjin him easke. "Deze mededeling is voor de verdachte misschien een onaangename verrassing, maar dat is nu eenmaal het risico van hoger beroep", seit it Iepenbier Ministearje.

Slachtoffers swier ferwûne

De Sint-Jânsgeaster wurdt derfan fertocht dat er yn febrewaris 2018 yn Ousterhaule twa fuotgongers oanriden hie, wylst er te folle drank op hie. De fuotgongers wiene goed sichtber, se hienen reflektearjende bantsjes en ljochtsjes om. Se rekken swier ferwûne. Ien fan de twa bedarre yn de sleat, sy is troch in oare automobilist fan de ferdrinking rêden. De fertochte wie nei it ûngelok trochriden. It iene slachtoffer kin troch it ûngelok nei alle gedachten har hiele libben net mear wurkje, seit it IM. It oare slachtoffer hat oar, minder belêstend, wurk sykje moatten.

De fertochte seit dat er wol wat rekke hie en dat it in 'dikke bots' wie. Hy hie net yn de gaten dat er in minske oanriden hie. De advokaat-generaal fan it Iepenbier Ministearje tinkt wol te witten wêrtroch't dat kin. "Dat zal ongetwijfeld samenhangen met de inname van een grote hoeveelheid bier. De verdachte had meer dan 2,0 promille alcohol in zijn bloed. Hij was dus stomdronken."

Fertochte ried 'zeer onvoorzichtig en onoplettend'

De Ljouwerter rjochtbank typearre it rydgedrach fan de fertochte as 'zeer onvoorzichtig en onoplettend'. It Iepenbier Ministearje wol lykwols in hegere straf as de rjochtbank. "Hij heeft de slachtoffers in hulpeloze toestand achtergelaten", seit de advokaat-generaal. "Dankzij oplettendheid van anderen kon worden voorkomen dat het vrouwelijke slachtoffer is verdronken. Dit weegt mee in de eis."

It gerjochtshôf docht oer twa wiken útspraak yn de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)