Boeren fiere wer aksje by provinsjehûs, mar wêrom?

Tsientallen boeren fierden woansdeitemoarn mei trekkers aksje by it provinsjehûs yn Ljouwert. Se binne lilk oer in plan fan de provinsje oer de soarchplicht dy't boeren ha foar greidefûgels. Wat binne dy plannen en wat wolle de boeren no? We sette it op in rychje.
Boeren fiere aksje by provinsjehûs
Wat is it probleem?
Guon boeren binne lilk oer plannen fan de provinsje dêr't de Ljouwerter Krante earder dizze moanne oer skreau. Yn de plannen stiet dat boeren yn in part fan Fryslân it lân earst kontrolearje moatte op fûgelnêsten foar't se derop meie om te meanen, bedongjen of beweidzjen. Provinsjale Steaten beslute pas yn it neijier oer de plannen, mar guon boeren wolle no harren ûntefredenens blike litte. Se fine dat oer har praat wurdt yn stee fan mei har.
Wa binne lilk?
It is dreech om yn te skatten hoefolle boeren oft no lilk binne oer de plannen. Fiif organisaasjes binne yn alle gefallen by it protest fan woansdei belutsen. Dat binne Farmers Defence Force, Agractie, de Dutch Dairymen Board en it Nederlânsk melkfeehâldersfakbûn en ikkerboufakbûn.
Hoe litte se fan har hearre?
De aksjefierders binne mei de trekker nei it provinsjehûs yn Ljouwert. Elke trekker dy't by it provinsjehûs delrydt, leit dêr in sûkelade-aai del, as symboal foar greidefûgelaaien. Dêrnjonken kinne de boeren op de trekkers in brief yn in tonne triuwe. In lytse delegaasje fan de boeren sit woansdei om tafel mei deputearre Douwe Hoogland.
Wat fine de aksjefierders dat der gebeure moat?
Neffens de organisearjende aksjegroepen moat it plan hielendal fan tafel. As dat net gebeurt, wolle de groepen nei de rjochter stappe.
Wat seit de polityk?
Provinsjale Steaten beprate de plannen yn it nijjier pas. It proses is noch mar krekt yn gong set. De Steatefraksjes fan Forum voor Democratie en de PVV ha in spoeddebat oanfrege.
"Je sjogge dat it libbet," seit Albert van Dijk fan Forum voor Democratie. "Mei ditsoarte aksjes sjogge je: hjir moatte wy wat mei dwaan. De deputearre moat ferantwurding ôflizze. De boer fernimt dat er net mear baas is oer syn eigen lân. In oar beslist aanst oft in boer syn eigen lân op mei. De fûgelwachters en boeren geane altyd goed mei-inoar, mar dy wurde ek tsjin inoar útstpile. Sy wurde in soarte boa's. Sy bepale oft in boer it lân op mei, dat is fansels net goed. Wy fine eins dat it no bêst genôch giet. En as der wol mear dien wurde moat, gean dan mei se yn petear. Dat is de bêste wei."
It spoeddebat sil nei alle gedachten op 17 maart hâlden wurde.
Albert van Dijk fan Forum voor Democratie
Hoe no fierder?
Deputearre Hoogland nûget de boeren út om har plan ek op tafel te lizzen, dêr wol hy dan serieus nei sjen mei it provinsjebestjoer. "Wy skriuwe in plan, en elkenien kin dêrop reagearje. Dat dogge jim hjoed ek", seit Hoogland tsjin de boeren. "En op basis fan alle reaksjes gean wy dan oan de slach. Dat is de proseduere." Takom wike sille de boeren fierder yn petear mei de provinsje.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar makke dizze reportaazje by it provinsjehûs