Sponsoaren en supporters Cambuur easkje opstappen stichtingsbestjoer

10 mrt 2021 - 10:51

It is op 'e nij ûnrêstich by SC Cambuur. De lêste moannen hat it heechste orgaan fan de klup, it stichtingsbestjoer, dwaande west mei in ûndersyk om de klup op bestjoerlik mêd troch te ljochtsjen. Alle partijen wiene it iens oer herfoarmings yn de Ried fan Kommissarissen en it stichtingsbestjoer, mar dit wykein hawwe de supporters en sponsoaren witte litten dat se it dochs oars wolle: it stichtingsbestjoer moat earst opstappe.

Foto: Omrop Fryslân

Foar dit ferhaal is praat mei meardere minsken út de ferskate lagen binnen de klup. Allegear wolle se lykwols net mei namme yn dit artikel neamd wurde.

De oarsprong fan de ûnrêst leit yn juny 2019. Dan stappe trije leden fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) op út ûnfrede oer it bestjoeren fan de klup. Under de kommissarissen dy't opstappe sit ek Johan Schikker, dy't oant dan ta de foarsitter fan de RfK wie. Yn de oardel jier dêrnei bliuwt de fuotbalklup sûnder foarsitter fan de RfK sitten.

Foardragen Ype Smid soarget foar ûnrêst

It stichtingsbestjoer moat op syk nei in nije foarsitter en draacht yn novimber 2020 Ype Smid foar. Hy wie earder foarsitter fan de RfK en is ek beneamd ta earefoarsitter. Syn foardragen bringt allinne noch mear ûnrêst mei him mei: twa fan de trije kommissarissen wolle opstappe as Smid beneamd wurdt. Ek direkteur Gerard van den Belt wol net oanbliuwe as Smid foarsitter wurdt.

Troch de ûnrêst dy't ûntstiet, beslút Smid úteinlik om himsels werom te lûken. Dat is in nederlaach foar it stichtingsbestjoer, dêr't twa fan de leden om dy reden fuortendaliks opstappe. Om de fersteurde ferhâldings wer rjocht te breidzjen, sille alle partijen mei-inoar om tafel. It stichtingsbestjoer sil boppedat ûndersykje wat misgien is yn it proses by de beneaming fan Smid. Dúdlik is dat dizze kwestje allinne mar ferliezers hat, mei sels bedrigings troch supporters rjochting leden fan it stichtingsbestjoer.

Wa sitte der yn it stichtingsbestjoer?

  • Cees Anceaux (foarsitter)
  • Hayo Apotheker
  • Dirk Bootsma
  • Wim de Keijzer
  • Bert van Dijk

Wa sitte der yn de Ried fan Kommissarissen?

  • Jan Koster
  • Harry van der Zee
  • Bert Hollander

Wa sitte der yn de direksje?

  • Ard de Graaf
  • Gerald van den Belt

Nei novimber sitte de partijen meardere kearen mei-inoar om tafel. It binne sa no en dan drege petearen om mei elkenien wer op ien line te kommen. Dat liket yn it foarjier fan 2021 dochs te slagjen. De útkomst dêrfan is dat nei dit fuotbalseizoen, op 1 juny, de leden fan it stichtingsbestjoer én de RfK opstappe.

Oant dy tiid hâldt it stichtingsbestjoer him dan dwaande mei it sykjen nei opfolgers. Yn it heechste orgaan fan de klup, wat it stichtingsbestjoer is, sitte fertsjintwurdigers út ferskate partijen. De supporters en de gemeente wurde op it stuit net fertsjintwurdige en dus sykje dy partijen nije minsken. Ek wurdt der alfêst nei nije leden foar de RfK socht, sadat dy statutêr sjoen noch gewoan aktyf bliuwe kin as de oare kommissarissen nei it seizoen opstappe.

Sponsoaren en supporters: stichtingsbestjoer earst opstappe

Foar it plan is draachflak binnen de ferskate lagen yn de klup. Oant ôfrûne wykein. De sponsoaren dy't fertsjintwurdige wurde troch de BusinessClub Cambuur binne dochs fan miening dat it oars moat en it stichtingsbestjoer earst opstappe moat. Dat fine ek de fertsjintwurdigers fan de supportersferienings dy't meiprate. Se fine dat it stichtingsbestjoer net oer harren grêf regearje moat en net al nije minsken beneame moat foar it bestjoer en de RfK. Dêrom fine de sponsoaren en de fans dat it stichtingsbestjoer opstappe moat.

Yn it stichtingsbestjoer ûntstiet fernuvering oer de hommelse feroaring fan it stânpunt fan de sponsoaren en supporters. Dizze wike sille se mei-inoar om tafel om te bepraten hoe't it no fierder moat.

En sa is it op bestjoerlik mêd op 'e nij ûnrêstich, wylst it de klup sportyf sjoen krekt foar de wyn giet. Cambuur stiet boppe-oan yn de earste difyzje en promoasje nei de earedifyzje liket de Ljouwerters hast net mear ûntgean te kinnen. Neist de bestjoerlike perikels binne der noch mear soarchlike dossiers binnen de klup. Sa is it in grutte fraach hoe't it komt mei it nije stadion, ek al wurdt der op de eftergrûn hurd wurke troch de nije ûntwikkelder Van Wijnen.

Foarsitter BusinessClub: yn goed oerlis

Jan Leegstra is foarsitter fan de BusinessClub Cambuur. Hy wol ynhâldlik net djip yngean op de kwestje. Op de konstatearring dat syn BusinessClub en de supporters no ynienen fine dat it stichtingsbestjoer en de RfK opstappe moatte en dat der dan sjoen wurdt nei nije minsken foar bestjoer en RfK seit hy: "Wij trekken gezamenlijk op in dit proces. Dat doen we in goed overleg. Dat is ook belangrijk, want sportief staan we er goed voor en het nieuwe stadion komt ook in zicht. Het stichtingsbestuur heeft zo zijn eigen idee bij de route die moet worden gevolgd en dat hebben wij ook. Daar praten wij in gezamenlijkheid over in alle openheid."

Op de fraach dat soks dan dus ynhâldt dat de BusinessClub en it stichtingsbestjoer it prinsipieel net iens binne oer de te folgjen rûte, jout Leegstra gjin konkreet antwurd. Hy leit nochris de klam op it goede oerlis dat der is. "Wij moeten hier in gezamenlijkheid uitkomen en ik verwacht dat dat ook gaat gebeuren. Ik verwacht nog deze week duidelijkheid in deze kwestie. Ik ga daar nu niet te diep op in. Als we eruit zijn, mag je me vragen wat je wilt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)