Kollum: "Opruier"

10 mrt 2021 - 08:34

"Tûzenen wurde beboete foar it negearjen fan de jûnsklok. Grutte manifestaasjes wurde by need út elkoar slein. Likegoed doart dyselde skiterige oerheid it net oan om Baudet fan Forum voor Democratie oan en op te pakken.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Dy giet foar de ferkiezings it lân yn. Syn dwaalljochten stean sûnder mûlkapke ticht op elkoar en roppe massaal joechei as Baudet seit dat de regearing net doocht en dat as se op him stimme, de corona nije wike woansdei oer wêze sil.

In sjoernalist moat him de bek hâlde oer wát immen fynt; as kollumnist mei ik sizze dat Baudet neffens my uterst gefaarlike teksten komponearret. Hy makket gebrûk fan dat we as folk ús nocht ha fan de coronaregels. De dwerselingen, dy't it folslein ûnferskillich is hoefolle deaden oft se op har gewisse krije sille, wurde troch Baudet opruid.

En as dy skiterige oerheid syn toernee stilsette soe, begjint in einleaze monology fan Baudet. Want, en dat is it meast kwealik, Baudet krijt fan alle listlûkers fierwei de measte romte fan de media. Se lizze him neat yn it paad, kwealik.

"Maklik luld Lok, wat moatte we dan wol stimme?" Tsja, dat wit ik net. Ik die in Kieskompaske, en kaam út op de SP. Logysk foar in âlde SDAP'er, mar it soe in ferlerne stim wêze, want de SP is sa konsekwint dat se net gearwurkje kinne en dat moat yn dit lân.

Twa wike lyn ha 'k sein dat soksoarte saken as Thialf en it Frysk net bepalend binne foar de Fryske kiezer. Mar, sei immen terjochte, hoe sit it dan mei it Waad? En mei dy almar trochgeande sâlt- en gasboarringen.

Dus dochs in Frysk aksintsje. Tsja. No, VVD'ster Aukje de Vries (8) komt der wol yn. En as der in Fryske brunefloatskipper yn de swierrichheden komt, stelt se wol in fraach.

Ik lês op 't heden it boek fan Omtzigt. Goed, mar ja, dan moatte je op it CDA stimme en dat is foar guon prinsipieel net-kristlik stimmende lju ek wol wat. Boppedat, Harry van der Molen (8) rêdt der wol mei, hy stimt altyd mei syn listlûker mei. Jaap Jonkers fan De Jouwer (27) hoecht net, dy stiet inkeld mar op de list op om syn kookboekjes te ferkeapjen. Fan syn politike ynhâld skrikke je net. Dan is Douwe de Vries fan Hallum aardich bestekliker, mar dy hat de pech dat hy, trouwens krekt as alle oare CDA'ers dogge, in kampanje foar himsels fiere moat. Dat docht de nûmer 47 by de PVV ek, mar wa ken no Max Aardema?

Romke de Jong fan D66 (24) hat in moaie Fryske foarnamme, mar wy boeren hâlde net fan D66. Wol fan Femke Wiersma, dy stiet twadde by BoerBurgerBeweging. Helder frommes, en se hat noch wat, mar dat mei ik yn de frouwedeiwike net sizze. It liket sa linkendewei trouwens wol dat wy manlju in steltsje politike kloaten binne. No ja, as dat sa is, dan moatte alle Fryske manlju stimme op 19 fan de PvdA, Christa Oosterbaan. Dat is de iennige dy't it Waad en de boarrings goed op de skealje set. Dat is in echt Frysk aksintsje. As se Habtamu de Hoop mar net oan de kant skoot, want dy sil in hûs foar ús bernsbern fersoargje.

De 23.600 FNP-stimmers fan de Steateferkiezings hienen derfoar soargje kinnen dat der in echt Frysk aksintsje yn de Keamer kaam wie. Ik sjoch al foar my dat alle Fryske media elk wurd fan de iensume Sijbe Knol wiidweidich beroppe soenen, sa't de lanlike media dat dogge by Baudet. Sijbe fertelt folle minder ûnsin.

De skiterige FNP hat net oandoard om har as 38ste partij oan te melden. Dat hie kwa programma, as je al dy oaren lêze, bêst kinnen. Se ha no net mear dien as mei guon lju fan de lanlike partijen op de seedyk om te kuierjen.

Se rekken net oeral fan wat se dêr hearden. Op de webside fan de FNP âldehoere se in heal oerke yn in podcast dat dy partijen der neat fan kinne. FNP-motto: 37 partijen, neat te kiezen. Mei dy konstatearring sette se 23.600 oanhingers yn de kjeld. Dy stean nije wike mei it potleadsje yn de oanslach, mar witte it net.

Dan binne se like fier as dat ik no bin."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)