Provinsje oan ministearje: gjin nije gaswinning by Grou en Raerd

10 mrt 2021 - 07:44

De provinsje Fryslân wol net dat it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat nije gaswinning by Grou en Raerd tastiet. It bedriuw Vermilion hat in oanfraach yntsjinne om dêr oant en mei 2030 nei gas te boarjen, mar as it oan de provinsje leit, giet dat net troch.

Foto: ANP

It gasfjild Grou-Raerd bestie earder út twa aparte fjilden. Yn Grou waard oant en mei 2014 gas wûn, yn Raerd oant en mei 2019. De provinsje Fryslân wol it leafst hielendal gjin nije gaswinning. "Het opnieuw verlenen van een winningsplan, terwijl het vorige winningsplan al geruime tijd is verlopen, vinden wij daarom geen goede ontwikkeling", skriuwt kommissaris Arno Brok yn in brief oan it ministearje.

Ministearje bepaalt

It ministearje hoecht him neat oan te lûken fan wat de provinsje Fryslân fynt. It giet om in advys fan de provinsje.

De provinsje freget oan it ministearje om by it definitive beslút yn alle gefallen te soargjen foar in goede kommunikaasje nei omwenners en belutsenen. Sy binne neffens de provinsje net op de hichte fan de plannen. Fierder moat it ministearje rekken hâlde mei de boaiemdelgong yn it gebiet. "Een daling van enkele centimeters kan hier al grote gevolgen hebben", stiet yn it advys.

Goede ferdieling

Dêrnjonken jout de provinsje by it ministearje oan dat omwenners yn it algemien net posityf tinke oer gaswinningsplannen. Eventuele skea wurdt wol fergoede, mar de winning bringt ek ûngemak en soargen mei him mei. "Wij adviseren u zorg te dragen voor een goede verdeling van lusten, lasten en zeggenschap bij mijnbouwactiviteiten, het uitvoeren van nulmetingen, waarbij er ook baten en investeringen terugvloeien naar het gaswinningsgebied."

(Advertinsje)
(Advertinsje)