Webside archeologysk depot hackt, mooglik persoansgegevens bútmakke

10 mrt 2021 - 07:28

De webside fan it Noordelijk Archeologisch Depot is hackt. Dêrby binne mooglik 1371 nammen en wenplakken bútmakke. It depot is fan de trije noardlike provinsjes en stiet yn Nuis, flak oer de provinsjegrins mei Grinslân.

Foto: ANP

De hack barde in moanne lyn, mar komt no oan it ljocht, skriuwt RTV Noord. "We weten nog niet precies wat er is buitgemaakt is", seit de Grinslanner deputearre Mirjam Wulfse. "Maar je hebt daar gegevens over een groot aantal voorwerpen die gevonden zijn: wat het is en waar het is gevonden, maar ook door wie het is gevonden. Het gaat dan om de voornaam en de woonplaats van 1371 mensen."

De folsleine adresgegevens sitte der net by, seit Wulfse. Dêrtroch is it risiko op misbrûk fan de gegevens neffens har lyts. "Het valt gelukkig mee, maar we hebben wel een extern bedrijf ingeschakeld om de hack te onderzoeken."

De provinsje Grinslân hat oanjefte dien fan de hack en it ynsidint meld by de Autoriteit Persoonsgegevens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)