1 jier coronafirus yn Fryslân: "We hadden niet verwacht dat het een jaar zou duren"

It begûn mei in stel op De Gordyk en yntusken binne 27.748 Friezen posityf test op it coronafirus. Dizze dei, 10 maart, is it presys ien jier lyn dat de earste coronabesmetting fêststeld is yn Fryslân. As ien fan de earste persoanen yn Fryslân krige Pytrik Hiemstra fan Ljouwert in jier lyn te hearren dat hy it coronafirus hie. Hoe giet it no mei him?
We sjogge werom mei Pytrik Hiemstra:
It wie in tiid fan gaos, doe't bliken die dat Pytrik it coronafirus hie, begjin maart ferline jier. Mei freonen hie er nei Eastenryk west foar wintersport en hat dêr nei alle gedachten it firus oprûn. Sels fielde hy him goed en hie er net in soad klachten. "Ik wit noch dat ik moarns as ik wekker waard pine yn 'e holle hie en dat ik mei traprinnen wurch wie."
Wêr't Pytrik it firus it meast fielde, wie mei it laminaat lizzen. Want syn twa wiken karantêne woe er goed brûke troch de souder te fervjen en laminaat te lizzen. "Oars soe ik it lizzen fan it laminaat yn twa dagen wol klear ha, no ha ik in wike dwaande west."
Minsken rûnen de earste wiken mei in bôge om my hinne.
Pytrik Hiemstra fan Ljouwert
Nei 14 dagen wie Pytrik net mear besmetlik en mocht er fan de GGD wer nei bûten. Mar dochs fielde hy him net hielendal op syn gemak. "Nei de karantêne mocht ik boadskippen dwaan, dat wie wol bysûnder", fertelt er. "Minsken sjogge dy krekt wat langer oan en werkenne dy dochs fan de krante. Dy rûnen dan, benammen de earste wiken, mei in bôge om my hinne." Dochs hat Pytrik gjin spyt dat hy doe syn ferhaal dien hat foar de media: "Ik fûn it wichtich dat elkenien wist dat it hjir wie."

"Spannend en ongemakkelijk"

Wouter van Geffen, longdokter fan it sikehûs MCL yn Ljouwert, hat fan it begjin ôf oan belutsen west mei it coronafirus. Hy wit it noch goed doe't er in jier lyn foar de earste kear in coronapasjint ferplege moast. "De eerste coronapatiënt was heel spannend en ongemakkelijk om die kamer binnen te gaan", fertelt er. Van Geffen wie it meast senuweftich oer it beskermjende pak dat hy oanlutsen hie. "Je bent bang dat je fouten maakt. Ik weet nog dat ik me nog heb laten checken door een van de verpleegkundigen."
Longdokter Wouter van Geffen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Longdokter Wouter van Geffen sjocht werom op 1 jier corona yn Fryslân
It momint dat hy de keamer fan de pasjint binnen stapte wie net wat er tocht hie. "Daar lag een doodgewoon iemand. Dat die dat bijzondere virus heeft, kon je er niet aan af zien. Het enige wat me wel opviel was dat ik een heel specifiek gekraak hoorde in de longen. Dat had ik wel eens vaker gehoord, maar nog nooit in zo'n luchtweginfectie."
Van Geffen koe yn it begjin net ynskatte hoelang't dit firus bliuwe soe. "We hadden niet verwacht dat het een jaar zou duren. Je denkt dat het beheersbaar blijft en verwacht niet dat het impact heeft op alle andere systemen van het ziekenhuis."
Er is al zo weinig flexibiliteit in ons zorgsysteem, maar dat hebben we wel weten te creëren toen het moest.
Wouter van Geffen, MCL
Al mei al is Van Geffen grutsk as hy weromsjocht op de coronatiid. "We wisten niet hoe groot het zou worden. Je moet vooral dynamisch en flexibel zijn. Dat is de grootste les en de kracht geweest van de afgelopen pandemie. Er is al zo weinig flexibiliteit in ons zorgsysteem, maar dat hebben we wel weten te creëren toen het moest."
Ien jier corona yn Fryslan. Fan de earste besmetting oant de lockdowns. Fan iensumheid ûnder âlderein nei hoopjaande mienskipssin. Fan drege tiden foar soarchpersoniel oant it faksin. En fan swier ekonomysk waar foar ûndernimmers nei hoop op bettere tiden. Omrop Fryslân bringt op 10 maart de ferhalen efter de coronakrisis, mei jûns tusken 21.00 en 22.00 in spesjaal telefyzjeprogramma.