Friezen fiele har net fertsjintwurdige troch de lanlike polityk, en ha gjin idee wa't deryn sitte

10 mrt 2021 - 07:59

De politike ôfstân tusken it Noarden en Den Haag is grut. Dat blykt út de resultaten fan in ûndersyk dat dien is yn opdracht fan Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe. It gie ûnder oare oer de ferkiezingstema's dy't noarderlingen belangryk fine, oft se har fertsjintwurdige fiele yn Den Haag, en hoefolle Keamerleden oft se kenne dy't út de eigen regio komme.

Foto: ANP

Net mear as 18 persint fan de ynwenners fan de trije Noardlike provinsjes fielt him fertsjintwurdige troch polityk Den Haag, sa blykt út de enkête. Se fine dat regionale ûnderwerpen en tema's dêr te min oan bod komme. Ien op de tsien minsken is wol tefreden mei de wize wêrop't de Twadde Keamer nei de regio sjocht. Grinslanners binne it meast stellich. Dêr is goed 60 persint ûntefreden. Yn Fryslân en Drinte giet dat om goed 40 persint. Grinslanners wize hieltyd op de problemen mei gaswinning, ierdbevingen en skea.

Fertrouwen

Der is net folle oertsjûgjend fertrouwen yn Den Haag. Trije fan de tsien noarderlingen is it iens mei de stelling 'Ik heb vertrouwen in de landelijke politiek'. In tredde is it neidruklik ûniens mei de stelling, en seit planút 'nee, ik heb geen vertrouwen in de landelijke politiek'.

De omroppen fregen ek oft der genôch ynset is foar de belangen fan de Fries, de Drint en de Grinslanner. Mear as de helte wit eins gjin antwurd te jaan op dy fraach. Ut de antwurden dy't wol jûn wurde, blykt dat der in grutte ôfstân field wurdt oant polityk Den Haag. Minsken tinke dat Den Haag him foaral ynset foar de Rânestêd, en dat it noarden der mar wat 'by hinget'. Ierdbevingsskea wurdt in protte neamd; de skeafergoeding komt mar net op gong, oft docht it der net ta yn de lanlike polityk.

Ynwenners fan Noard-Nederlân ha it idee dat de provinsjes sjoen wurde as in wingewest: geskikt foar gaswinning, wynmûnen en sinneparken, mar fierder net. In inkeling stekt de hân yn eigen boezem en seit dat de noarderling miskien net genôch fan himsels hearre lit, en net genôch oandacht opeasket. "Wij zijn nuchtere, bescheiden mensen. De grote monden worden eerder gehoord."

Keamerleden út eigen regio

Binne der genôch minsken út de eigen regio dy't op de 150 Keamersitten sitte? Trije fan de tsien minsken wit it net. Minder as ien op de tsien seit dat it der genôch binne. Tagelyk tinkt in kwart fan de noarderlingen nei oer in stim op in kandidaat út de eigen regio. Mar se kenne se net. Op de fraach wa't se by namme kenne, jout noch gjin 20 persint antwurd. En in protte fan dy antwurden binne gjin kandidaten út de regio, of binne net ferkiesber foar de Twadde Keamer. De net-noardlike politisy dy't it faakst neamd binne, binne VVD-listlûker Mark Rutte en CDA-listlûker Wopke Hoekstra.

Der wurde ek goeie antwurden jûn. De meast neamde Keamerleden út it Noarden binne Erik Ziengs út Assen, Henk Nijboer en Sandra Beckerman, beide út Grins, en Harry van der Molen út Ljouwert. Se waarden alle fjouwer troch noch gjin trije prosint fan de minsken neamd.

Soarch, ûnderwiis en corona-oanpak

Noarderlingen sizze dat soarch it belangrykste tema is by de kommende ferkiezingen. Dat ûnderwerp wurdt troch mear as de helte fan de minsken neamd. Underwiis en de corona-oanpak binne de tema's dy't dêrnei it heechste op it listje steane. Dy wurde troch ûngefear in kwart fan de minsken neamd. Wurkgelegengeid, klimaat en pensjoenen meitsje de top seis kompleet. De EU, ymmigraasje, feilichheid en wenningbou wurde yn ferhâlding net in protte neamd.

Dit artikel is basearre op de útkomsten fan in enkête dy't yn opdracht fan Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe dien is troch Kien onderzoek. Yn de enkête binne 1123 ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte ûnderfrege.

(Advertinsje)
(Advertinsje)