FNP hat grutte beswieren tsjin it skrassen fan ymmuniteit fan Carles Puigdemont

09 mrt 2021 - 20:13

De Frysk Nasjonale Partij hat grutte muoite mei it beslút fan it Europeesk Parlemint om de ymmuniteit fan de Katalaanske Europarlemintariërs Carles Puigdemont, Clara Ponsatí en Toni Comín te skrassen. It beslút fan it parlemint yn Brussel betsjut dat Spanje op 'e nij om de útlevering fan âld-regiopresidint Puigdemont fan Kataloanië freegje kin.

De FNP'ers Knol, Toering, De Boer en Posthumus meitsje in statement op de stoepe fan it provinsjehûs - Foto: Omrop Fryslân

Puigdemont en syn maten wurde troch Spanje ferfolge fanwege it organisearjen fan in referindum oer de ûnôfhinklikheid foar Kataloanië yn 2017. Puigdemont wennet sûnt dy tiid yn ballingskip yn Waterloo, mar rint no mooglik op 'e nij it risiko om útlevere te wurden.

"It is net te leauwen", seit FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol. "It Europeesk Parlemint stiet mei it warskôgjend fingerke foaroan as it giet om de minskerjochten yn Wyt-Ruslân of yn Sina, mar as it om Spanje giet seit Europa: gean jimme gong mar."

"Unbesteanber"

Neffens de FNP hantearret de Europeeske Uny in 'dûbele standert' as it giet om minskerjochten. De Steatefraksje hold dêrom tiisdeitemiddei in koarte protestaksje op de stoepe fan it provinsjehûs. Steatelid Sybren Posthumus: "It is dochs ûnbesteanber dat we yn de 21ste iuw noch politike finzenen hawwe yn Europa?"

De FNP is yn Europa oansletten by de Europeeske Frije Alliânsje, in gearwurkingsferbân fan politike partijen fan minderheden, en hat dêrtroch al lang politike kontakten mei Katalaanske nasjonalisten. De FNP hat ek alris besocht om Puigdemont nei Ljouwert te heljen, om de man de kâns te jaan om yn Fryslân syn ferhaal te dwaan. No't de man 'fûgelfrij' ferklearre is troch syn eigen kollega-Europarlemintariërs is dat foarearst in stik lestiger.

Hjoed is it Puigdemont, moarn kin it in oar wêze.

FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol

Knol tinkt lykwols net dat it gau ta útlevering fan Puigdemont oan de Spaanske justysje komme sil. "De Belgyske en de Dútse rjochter hawwe beide al in útleveringsfersyk ôfwiisd. De man giet ek yn heger berop tsjin it beslút fan it Parlemint. Mar dat syn eigen kollega-Europarlemintariërs him sa foar de bus smite liket nergens op." Neffens Knol wurdt sa ek de Europeeske demokrasy oantaaste. "Hjoed is it Puigdemont, moarn kin it in oar wêze."

Onno Falkena praat mei Sybren Posthumus en Sijbe Knol

(Advertinsje)
(Advertinsje)