Froulju SC Hearrenfean ferspylje hiele djoere punten yn striid om kampioenspûl

09 mrt 2021 - 20:10

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe tiisdeitejûn belangrike punten ferspile yn de striid om de kampioenspûl. Yn eigen hûs waard der mei 3-3 lykspile tsjin direkte konkurrint ADO Den Haag.

Beide ploegen hienen it yn de iepeningsfaze op Sportpark Udiros yn Nijehoarne dreech om kânsen te krearjen. Dat it earste doelpunt út in skot fan hiel grutte ôfstân kaam, paste dan ek yn it byld fan de wedstriid.

De keepster fan Hearrenfean Charetha Okken skatte in skot fan goed tritich meter fan Liz Rijsbergen ferkeard yn, wernei't de bal oer har hinne it doel yn fleach.

Op slach fan rêst krigen de Fryske froulju in butenkânske op de lykmakker, doe't in weromspylbal fan ADO bestraft waard mei in yndirekte frije traap binnen it strafskopgebiet. Roos van der Veen koe de bal doe fan tichteby binnensjitte.

Efterstân

Yn de 50e minút ûntsnapten de Friezinnen oan in efterstân, doe't in ferdigener fan Hearrenfean in skot fan Raaijmakers noch krekt op de line keare koe.

Dy efterstân kaam der goed tsien minuten letter dochs. Ravensbergen kaam allinnich op de keeper ôf en faalde each-yn-each mei Okken net.

Lang like it der doe op dat Hearrenfean mei lege hannen efterbleau, mar fia in eigen goal út de kluts fan Gwyneth Hendriks waard it tsien minuten foar tiid wer gelyk.

Spannende slotfaze

Fjouwer minuten foar tiid waard it sels noch 3-2. De keepster fan ADO koe in skot fan Tiny Hoekstra noch keare, mar is skot dêrnei fan Nikée van Dijk gie fia in ferdigener fan ADO wol yn de goal.

Dêrmei wie it doelpuntrike duel lykwols noch net dien. Yn de blessueretiid makke Ravensbergen der mei in skot fan de râne fan de sechtjinmeter 3-3 fan.

It gat mei ADO Den Haag en dus de kampioenspûl bleaut troch it lykspul fjouwer punten. Hearrenfean hat noch trije wedstriden om dat goed te meitsjen

(Advertinsje)
(Advertinsje)