LDODK hellet nije trainer út Hollân: Dico Dik (52) begjint takom jier

09 mrt 2021 - 20:00

Dico Dik (52) folget takom jier Henk Jan Mulder op as haadtrainer fan kuorbalklup LDODK. Dik is âld-kuorbalspiler, hy hat syn hiele kuorballibben spile yn Noard-Hollân. Dat meldt LDODK.

Foto: Orange Pictures

Dik spile yn de jierren '80 foar Groen Geel op it heechste nivo. Letter waard er trainer, benammen by Groen Geel, mar ek by KZ. Foarich jier wie er einferantwurdlik foar Groen Geel, yn it debútjier yn de Kuorbal League. "En daarmee was het doel bereikt. Zowel de spelers als ik waren aan iets nieuws toe."

Dik hat der in healjier út west. No kribelet it wer, seit er. "Ik mis het korfbal wel en was verrast met het telefoontje van LDODK. Ik werd direct enthousiast, zeker nadat we uitvoerig met elkaar spraken. Dit is een avontuur dat ik graag wil meemaken."

Bestjoerslid Jan Sjoerd Pool fan LDODK is wiis mei mei de komst fan Dik. "Dico is een ervaren trainer die bij Groen Geel heeft laten zien dat hij jeugd rijp kan maken voor de top. Bovendien combineert hij dat met een hele frisse allround speelstijl. Dico past heel goed bij de huidige situatie van LDODK. Wij zijn heel blij met zijn komst."

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Dico Dik
(Advertinsje)
(Advertinsje)