Buma oer hûnderten ferkearde stimsluven: “Ferfelend, mar te werstellen”

10 mrt 2021 - 16:28

In part fan de minsken dy't by de kommende ferkiezingen foar de Twadde Keamer mei in brief stimme meie, hat in ferkearde envelop thús krigen. Dat meldt de gemeente Ljouwert. It giet om minsken fan 70 jier en âlder.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De brieven binne troch in lanlike drukkerij nei de kiezers ferstjoerd. Troch in flater by de drukker is der in ferkearde slúf yn de masine dien. Dêrtroch ha guon minsken twa retoerensluven krigen, yn plak fan ien retoerslúf en ien foar it stimbiljet. Dat meldt de gemeente. It giet om 600 oant 800 minsken. Yn totaal meie yn de gemeente Ljouwert 16.500 minsken mei de post stimme.

"Er is een vergissing gemaakt bij de drukker, er zijn in een aantal gevallen twee keer dezelfde enveloppen verstuurd, terwijl dit verschillende moesten zijn. We kregen een melding, daarna is nagegaan hoe vaak het verkeerd ging," leit boargemaster Sybrand Buma út. "Dat is zo'n 800 keer. Al die mensen krijgen een nieuw bericht van ons. Dit is wel te herstellen, maar bij mensen boven de 70 jaar en in deze spannende situatie is het wel vervelend."

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert

De minsken dêr't it om giet, krije sa gau mooglik in nije slúf tastjoerd, en in brief dêr't de sitewaasje yn útlein wurdt. Alle stimbiljetten dy't mei in stimpluspas opstjoerd wurde, telle mei foar de ferkiezingen. Dat meldt de gemeente. "Als de stem is uitgebracht met deze twee enveloppen, dan is dat geen probleem. Dat is geldig, het gaat erom dat het biljet goed ingevuld is," seit Buma.

De gemeente fynt it spitich dat de kiezers 'ongemak ondervinden' fan de sitewaasje, mar giet der fanút dat de flater gjin gefolgen hat foar de mooglikheid om de stim mei de post út te bringen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)