Operaasje Fryske Flagge: Folkert Tangerman woe út Amearika wei as Trump wer winne soe

09 mrt 2021 - 19:30

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Folkert Meindert Tangerman oer syn libben yn de Feriene Steaten fan Amearika.

Folkert Meindert Tangerman - Foto: Folkert Meindert Tangerman

Folkert Meindert Tangerman wennet yn Amearika

Folkert (61) wenne yn syn jonge jierren yn Feanwâlden. Hy studearre wiskunde yn Grins. Doe't er klear wie koe er yn Nederlân dreech oan wurk komme. It wiene ekonomysk minne tiden. Hy ferhuze yn 1983 nei Amearika.

Yntusken binne we al moai wat jierren fierder, dus jo kinne wol sizze dat er hingjen bleaun is. Folkert Tangerman hat wurke yn Boston, is promovearre en dêrnei nei New York gien. Oant 2001 hat er oan ferskate universiteiten lesjûn as professor yn de wiskunde. Yn 2010 is er dêr ek mei opholden en foar himsels begûn. Hy jout no priveeles oan studinten wiskunde.

Wat corona oanbelanget is de situaasje fergelykber mei Nederlân. Se wachtsje dêr no op de fjirde golf. Der is gjin jûnsklok en de restaurants binne ek net iepen.

Folkert en syn Amerikaanske frou wenje tige nei it sin op Long Island, yn in havenplakje net fier fan it wetter. It is in moaie omjouwing mei in doarpachtich karakter. Yn de simmer komme dêr in bulte toeristen út de stêden. Folkert en syn frou hawwe ien soan dy't yn California wennet.

Ferline jier tochten se deroer om werom nei Fryslân te ferhúzjen. Seker as Trump wûn hie. Dat is dan no net it gefal, mar Folkert wol yn de takomst dochs werom nei Fryslân.

Yn 2019 hawwe se foar it lêst yn Fryslân west en dan binne se foaral yn de omkriten fan Feanwâlden, want dêr komt Folkert wei. Hy praat noch altyd in soad Frysk mei syn famylje, bliuwt op de hichte fan it Fryske nijs en hy sit by ferskate Facebookgroepen dêr't Friezen by sitte, lykas de groep De Fryske Wâlden.

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)