Underwiisbestjoerder: "Elke dag is weer spannend, de veiligheid staat op de tocht"

09 mrt 2021 - 19:59

In skoalle dy't hielendal ticht moat, en hiele groepen learlingen dy't nei hûs ta stjoerd wurde: Harrie Steenstra fan de basiskoallekoepel Noventa yn Achtkarspelen is somtiden mear krisismanager as ûnderwiisbestjoerder. By Noventa binne 11 skoallen mei 1600 bern oansletten. Sûnt de weriepening op 8 febrewaris hat it net rêstich west. "Het is elke dag weer spannend. Gaat de telefoon, is er weer een besmetting,. Maar we zetten door en houden vol."

Foto: ANP

Harrie Steenstra

Ferline wike moast Steenstra in fiergeande beslissing nimme: in hiele skoalle slute. Op basisskoalle De Bernebrêge yn Surhústerfean wiene tefolle besmettings by it personiel. Acht masters en juffen moasten yn karantêne, en ferfanging wie der net te finen. Freed gong de skoalle ticht. Tiisdei wie er foar it earst wer iepen, mar groep 3 bleau thús. Dêr dûkte in nij coronagefal op.

Moandei moasten twa groepen fan CBS De Merlettes in dei nei hûs. Dat hakt deryn by de bern. "De continuïteit, de rust en veiligheid staan op de tocht. Daar hebben we allemaal last van. Wij, de kinderen en de ouders."

'Hast de helte fan âlders wegeret coronatest'

By in besmetting moat in bern 5 dagen yn karantêne en dan kin it test wurde. Fynt sa'n test net plak, dan duorret de ôfsûndering tsien dagen. "We zien dat met name ouders van jonge kinderen de test niet willen waardoor de kinderen langer in quarantaine moeten blijven. Dat is heel vervelend voor de kinderen en de leerkrachten al respecteren we de beslissing." Neffens Steenstra wegeret hast 40 persint fan de âlders in coronatest foar harren bern.

Trefwurden: 
skoalle coronafirus Noventa
(Advertinsje)
(Advertinsje)