Brussel betellet mei oan Frysk fûgeltsjelân

09 mrt 2021 - 18:41

De provinsje Fryslân krijt Europeeske subsydzje foar it fersterkjen fan greidefûgelgebieten en bioferskaat. De Europeeske LIFE-subsydzjes hawwe as doel om Natura 2000-gebieten te fersterkjen en de greidefûgels mear kânsen te jaan. Fryslân sil dat dwaan yn gearwurking mei de provinsje Súd-Hollân en it bûnslân Niedersaksen yn Dútslân.

In plasdras foar greidefûgels yn de Noardlike Fryske Wâlden - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Trekfûgels binne út soarte in ynternasjonaal fenomeen. Deputearre Douwe Hoogland is der dan ek wiis mei dat it slagge is om mei in provinsjale bydrage fan goed 2 miljoen euro, mei-inoar 5,6 miljoen euro út Europa los te krijen.

Skries

Yn it projekt wurdt stribbe nei in yntegrale oanpak om te befoarderjen dat de pykjes fan de greidefûgels mear kâns hawwe om grut te wurden. It Europeeske projekt past neffens Hoogland goed by it nasjonale aksjeplan foar de skries fan Pieter Winsemius. Foar greidefûgels lykas de skries is de ynternasjonale benadering fan grut belang, want de achterútgong fan de habitat yn Fryslân hat fuortendaliks gefolgen op oare plakken dêr't de fûgel delstrykt en oarsom.

Waadeilannen, Fochtelerfean, Aldeboarn en Súdwesthoeke

Natuergebieten rûnom yn Fryslân sille fan de LIFE-subsydzjes profitearje. It jild foar bioferskaat wurdt ûnder oare ynset op de Waadeilannen en yn it Fochtelerfean. It jild foar fûgeltsjelân sil ek brûkt wurde by Aldeboarn en yn de Súdwesthoeke.

Hoopje op reinwetter

Foar de kommende wiken hopet Hoogland dat der ek geregeld wat reinwetter falt en we net wer sa'n drûge maitiid krije as ferline jier. "Doe binne der echt snaffels stikken gien op de hurde grûn en koene de pykjes hast gjin fretten fine." In krekt wat wietere maitiid jout de greidefûgels in folle bettere start.

Rôfbisten opkeare

In oare faktor om de greidefûgels mear kâns te jaan is it opkearen fan rôfbisten lykas de foks. It is hjirby fan belang om natuergebieten en it fûgeltsjelân wat grutter te meitsjen, want dat makket it ôfrasterjen fan dy stikken om predaasje foar te kommen wer makliker.

Yn it ramt fan de Europeeske LIFE-projekten sil kennis útwiksele wurde. Sa kin mei-inoar ferlike wurde yn hokker regio de beskerming fan de fûgels it bêste giet.

Douwe Hoogland oer de Europeeske LIFE-subsydzje foar de greidefûgels

(Advertinsje)
(Advertinsje)