BFVW meldt 'unyk' patroan: alle earste ljipaaien op Waadeilannen fûn

09 mrt 2021 - 20:15

It earste ljipaai fan Skiermûntseach is fûn. Dat betsjut dat it frije fjild op alle Waadeilannen no ticht is. Yn alle gemeenten op de fêste wâl mei noch wol socht wurde. Neffens in wurdfierder fan it fûgelwachtersbûn BFVW is dat unyk.

Aaisikers - Foto: ANP

It aai op Skiermûntseach is fûn troch Rutger Talsma (52) fan it eilân. It lei oan de eastkant fan it doarp, yn de polder.

It earste aai fan Fryslân waard fûn yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Dêr mei noch socht wurde oant der in aai fûn is dat as earste aai fan de gemeente oanwiisd wurde kin. Op de waadeilannen Skylge en It Amelân is it earste aai al fûn. Op Flylân wurdt net socht.

It is net dúdlik hoe't it kin dat de waadeilannen dit jier sa betiid binne. It BFVW tinkt dat it komme kinne soe trochdat de winter dêr minder fûl west hat.

Sjoch op dizze kaart yn hokker gemeenten al it earste ljipaai fûn is. Grien is it earste ljipaai fan Fryslân, blau is it earste ljipaai yn in gemeente en read betsjut dat der noch gjin earste aai fûn is yn dizze gemeente:

(Advertinsje)
(Advertinsje)