Wenbûlevaar Wolvegea bliid mei mear klanten yn de winkel

09 mrt 2021 - 17:23

Grutte winkels meie tenei wer mear klanten oer de flier hawwe as ferline wike. Dat hat it kabinet moandei bekend makke. By HomeCenter yn Wolvegea binne se hiel wiis mei dat beslút. Al mei al meie der no 98 klanten tagelyk yn de winkel wêze. Eigener Sicko Kapenga is der bliid mei. "We hawwe salang de doarren ticht hân, dat it gewoan hiel goed fielt om wer klanten yn it gebou te hawwen."

Sjoch nei de reportaazje

Samar efkes deryn rinne kin noch altyd net. Klanten moatte op syn minst fjouwer oeren yn it foar in ôfspraak makke hawwe. "En sa't dat giet mei dit soart winkels, elkenien wol dan op sneontemiddei. En dat kin fansels net", seit Kapenga.

It soarget foar in reedlik folle aginda. Hûnderten minsken hawwe al in ôfspraak makke. By binnenkomst moatte de besikers harren melde en de hannen skjinmeitsje. Dêrnei kinne se ûnder begelieding troch it gebou. "Wy hâlde ús oan alle maatregels, want corona is noch net fuort. Mar we hawwe sa'n grutte winkel, datst hjir sûnder problemen ôfstân hâlde kinst."

Foto: Omrop Fryslân, Anna Groenia

Kapenga hopet dat der foar de simmer noch in fierdere feromming komt. Hy is no al hiel wiis mei dit beslút fan it kabinet. "By ús wurket it wol om op ôfspraak klanten binnen te hawwen. Minsken wolle it guod dochs efkes mei eigen eagen sjen en deroan fiele. Foar ús meiwurkers is dit ek folle nofliker. Want de hiele dei achter sa'n skerm sitte, fynt net ien wat oan. Jo wolle de klanten gewoan yn de eagen sjen."

Foto: Omrop Fryslân, Anna Groenia
(Advertinsje)
(Advertinsje)