Omrop TIP: 1 jier nei de earste coronabesmetting yn Fryslân, in weromblik op it jier

09 mrt 2021 - 17:21

It begûn mei in stel op De Gordyk en yntusken binne hast 27.000 Friezen posityf test op it coronafirus. Dizze woansdei, 10 maart, is it presys in jier lyn dat de earste coronabesmetting yn Fryslân ûntdutsen waard. It wie in jier dat eins alles stilstie, mar dochs is der just ek in soad bard. Omrop Fryslân sjocht dêrom de hiele dei werom op dit bysûndere jier mei in soad feroaringen, emoasje, mar ek moaie mominten. Tusken 21.00 en 22.00 oere is der in spesjaal telefyzjeprogramma mei ferskate gasten te sjen yn it ramt fan 1 jier corona.

Omrop TIP: 1 jier nei de earste coronabesmetting yn Fryslân, in weromblik op it jier

Woansdei gean wy werom nei dat alderearste begjin. Doe't wy inoar noch oankrûpe mochten en der hast gjin mûlkapkes wiene. Wat barde der efter de skermen by de Veiligheidsregio doe't it berjocht binnenkaam fan de earste besmetting. En watfoar tariedingen troffen de Fryske sikehûzen?

Foar in soad minsken wie it in swier jier. Foar kultuer- en hoarekasektor miskien wol it meast. Sjonger Raynaud Ritsma en kafee-eigener Henk Breeuwsma jouwe in ynsjoch yn it libben dat sy no ha. It famyljebedriuw Dalstra Reizen waard ek hurd troffen. Yn septimber rekken se fallyt en in moanne letter dochs in trochstart, mar sûnder personiel. Wy ride in stikje mei Johan Dalstra yn de bus en freegje hoe't it no mei him giet.

Takomstperspektyf

Mar miskien noch wol belangriker, wy sjogge ek nei de takomst. Want hoe sjocht de wrâld der aanst út? En wêr sjogge wy as mienskip it meast nei út?

Woansdei 10 maart de hiele dei op radio, telefyzje en ynternet. Jûns om 21.00 oere is der in spesjale Fryslân Hjoed Ekstra mei dêryn in weromblik én in foarútblik.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)