Earste bytsje sinneskyn en de tiken melde harren al wer

09 mrt 2021 - 16:42

Yn de lêste fjirtjin dagen binne der al wer in pear tikemeldingen dien op tekenradar.nl. Nei de winterske tafrielen sloech it waar yn Fryslân ynienen om. It like wol maitiid. Yn dy moaie wike stutsen de beruchte spinachtigen de kop wer op.

Tyk - Foto: Omrop Fryslân

De measte meldingen fan tikebiten of klachten dy't dêrmei te krijen hawwe, komme by Tekenradar binnen yn de simmermoannen. Ferline jier wie it tal tikemeldingen ûnferwachts heech, doe't troch de coronabeheiningen folle mear minsken de pleatslike natuer yn giene as oars.

Yn de wintermoannen falt it tal meldingen meastal stil. Yn de earste sân wiken fan 2021 waarden yn Fryslân mar twa meldingen dien. Fan wike 8 ôf, de wike fan 22 febrewaris, begjint it tal meldingen wer ta te nimmen. Yn twa wiken binne fiif meldingen dien.

Achtertún en bosk

Ien op de trije tikebiten krije minsken yn de eigen achtertún. Ek yn 'e bosk en yn oare natuergebieten, lykas de omkriten fan Appelskea en op de Waadeilannen, komt de tyk in soad foar. Benammen de oergong tusken beammen en strûken en tusken boskjes en gers binne favorite plakken fan de bistjes. Dêrwei kinne se maklik op harren proai springe.

Sykte fan Lyme

Mear as de helte fan de yn Nederlân op de site registrearre tiken hat de feroarsaker fan de sykte fan Lyme by him. In goede reden om it advys fan Tekenradar op te folgjen: kontrolearje dysels nei in dei bûtendoar. Wat gauwer oftst de tyk derút hellest, wat wat lytser de kâns dat de sykte oerdroegen wurdt. In reade sirkel of in plak om de byt hinne, de 'erythema migrans' is in yndikaasje dat ien de sykte fan Lyme ûnder de lea hat. De sirkels hawwe meastentiids in trochsneed dy't grutter is as fiif sintimeter.

Trefwurden: 
tiken tyk Lyme
(Advertinsje)
(Advertinsje)