MCL heft maatregels gynekology en ferloskunde wer op

Sikehûs MCL yn Ljouwert heft de spesjale coronamaatregels op de ôfdieling gynekology en ferloskunde wer op. Nei wiidweidich boarne- en kontaktûndersyk binne der gjin nije besmettingsgefallen fûn.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De ôfdieling giet mei yngong fan tiisdei wer oer nei de gewoane wurkwize, mei alle gebrûklike coronafoarsoarchsmaatregels. De keamers foar krekt berne lytse poppen en harren âlden wurde ek wer yn gebrûk naam, sa meldt it sikehûs.
De coronamaatregels waarden snein ynfierd.