Unôfhinklik ûndersyk: Gjin misbrûk by Neushoorn

Der is gjin sprake fan misbrûk by it Ljouwerter poppoadium Neushoorn. Dat blykt út ûnôfhinklik ûndersyk troch in resjerzjebedriuw, seit Neushoorn. It ûndersyk is dien neidat der beskuldigingen oer seksueel misbrûk yn de media kaam wiene.
Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
In sjoernalist fan de nijswebside Liwwadders melde earder dat frijwilligers en stazjêres fan it Friesland College troch technisy fan Neushoorn oantrune wurde soene om drank en drugs te brûken. Hy sei ek dat se ferlaat wurde ta seksuele hannelings. Undersikers sizze no dat der gjin sprake is fan 'aantoonbare misstanden' by it poppoadium.

Oanjefte tsjin sjoernalist

Ald-direkteur Yvonne Bleize hat yntusken oanjefte dien tsjin de sjoernalist dy't it stik skreaun hat. "Hij komt met zeer grote beschuldigingen naar medewerkers van Neushoorn. Ze zouden zich bediend hebben van misdadige praktijken en hij zegt dat ik daar van geweten zou hebben en koppelt het aan MeToo. Daar word ik boos en verdrietig van, maar ook strijdvaardig", sei se earder.
It resjerzjebedriuw hat praat mei 34 stazjêrs, âld-stazjêrs en meiwurkers fan it poppoadium. Se ha ek kontakt hân mei de sjoernalist. Syn boarnen ha gjin kontakt opnaam mei it resjerzjebedriuw, ek al wie dat wol frege.
Net ien fan de minsken dêr't mei praat is, herkende de misstannen dy't yn it artikel beskreaun wiene: seksuele hannelingen tusken meiwurkers en stazjêrs, it brûken fan drank en drugs, of it delbêdzjen fan klachten oer 'ongewenst gedrag'. Meiwurkers en studinten sizze dat Neushoorn 'een veilige werk- en leeromgeving' is.

Anonime boarne wol net meiwurkje oan ûndersyk

Ien persoan hat anonym oanjûn dat it wier is wat der yn it artikel stiet, meldt it resjerzjebedriuw, mar dy persoan woe net meiwurkje oan it ûndersyk.
Direkteur Serge Hollander fan Neushoorn seit dat de ûnderste stien boppe kaam is, mei dit ûndersyk. "Ik heb geen enkele reden om te twijfelen aan de conclusies, dankzij de kwaliteit van het rapport, de aanpak, uitvoering en de expertise, ervaring en doortastendheid van de onderzoekers."

'Geschrokken van het artikel'

"Bij Neushoorn werken heel veel enthousiaste en betrokken mensen. Zij zetten zich hard in voor onze organisatie en zijn geschrokken van het artikel", zegt Hollander.
De ûndersikers sizze wol dat Neushoorn regels en ôfspraken faker en mei mear regelmaat beprate moat mei frijwilligers en stazjêrs. "Onze belangrijkste les is dat we niet scherp genoeg kunnen zijn op omgangsafspraken", seit Hollander. "In Neushoorn is geen plek voor seksuele intimidatie, machtsspelletjes en drank- en drugsmisbruik."