Accolade kin 1000 wenten minder bouwe troch ferhierdersbelesting

09 mrt 2021 - 15:43

De ferhierdersheffing is al wol gauris ûnderwerp fan de debatten foar de ferkiezingen. Sûnt 2013 moatte wenningboukorporaasjes belesting betelje oer de ferhier fan sosjale wenten. Dêrtroch kinne se no minder huzen bouwe. Politike partijen wolle fan de heffing ôf, allinnich de VVD is noch foar. Rein Swart fan Accolade wol dat de heffing sagau mooglik ôfskaft wurdt. It kostet syn wenningboukorporaasje miljoenen.

Woningbouwvereniging - Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

Lûk ynvestearrings ôf fan bydrage ferhierdersheffing.

Rein Swart, Accolade

Accolade hat it ôfrûne jier 11 miljoen euro oan ferhierdersheffing ôfdroegen oan it ryk, leit foarsitter Rein Swart fan de ried fan bestjoer fan de wenningkorporaasje út. Omrekkene nei alle Fryske korporaasjes is dat in lytse 60 miljoen op jierbasis. Dat jild giet streekrjocht nei Den Haag.

Tûzen wenten minder

Dy 11 miljoen ferhierdersheffing giet ôf fan it totaalbudzjet fan rûchwei 100 miloen fan Accolade. Yn trochsneed giet twa moanne keale hier as heffing nei de Nederlânske steat, neffens Swart. Dat jild komt út de beurzen fan minsken mei de leechste ynkommens en dat is ekstra pynlik, fynt er. Foar dy 11 miljoen hie Accolade omrekkene tûzen nije wenten bouwe kinnen.

Kwaliteit op peil hâlde kostet jild

De wenningkorporaasjes bouwe net allinnich, mar se ferduorsumje de huzen ek en se moatte de kwaliteit op peil hâlde. Fierders moatte se de wenten geskikt meitsje foar de hieltyd fierder groeiende groep âlderein. Dat kostet hannenfol jild, seit Swart.

Lûk ynvestearrings ôf fan bydrage ferhierdersheffing

De ferhierdersheffing moat derôf, of noch better: bou him om ta in ynvestearringsfehikel, seit Swart. Dêr bedoelt er mei: it jild fan de ynvestearring ôflûke fan de heffing.

Betelberheid stiet ûnder druk

In soad partijen sjogge dat wol sitten, neffens Swart, want de betelberheid fan ús wrâld stiet ûnder druk. Der is krekt besletten om de jierlikse hierferheging te befriezen. De partijen sjogge ek wol yn, dat wat minder jild oft wenningboukorporaasjes binnen krije, wat minder oft se ynvestearje kinne.

Swart skat de kânsen dat de ferhierdersheffing der nei de ferkiezings echt ôf giet, behoarlik heech yn. De measte partijen binne foar en de VVD moat aanst in koälysje smeie as dy partij as grutste út de bus komt.

Rein Swart oer de ferhierdersheffing

(Advertinsje)
(Advertinsje)