RIVM meldt 147 nije coronabesmettingen yn Fryslân

09 mrt 2021 - 15:20

It RIVM meldt tiisdei 147 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der minder as in dei earder. Doe wiene der 164 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 157 besmettingen konstatearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (20), Súdwest-Fryslân (19) en Waadhoeke (17).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân.

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije sikehûsopnames meld fan minsken dy't besmet binne mei it coronafirus.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)