Seis jier sel easke foar útlokjen Tesla-brannen De Jouwer

09 mrt 2021 - 14:13

It Iepenbier Ministearje hat tiisdeitemoarn seis jier sel easke tsjin twa manlju foar it útlokjen fan brânstichting. Yn 2018 waard twa kear in auto fan in advokate op De Jouwer yn brân stutsen. Sy wie wurksum as kurator. De fertochten besochten har privee te reitsjen troch har auto twa kear yn 'e brân te stekken. Dêrom sprekt it IM fan 'ondermijning van de rechtstaat'.

De útbrânde Tesla fan april - Foto: J. de Jong

Neffens de offisier fan justysje moat in kurator har wurk dwaan kinne sûnder dêrby oer it skouder sjen te moatten. De fertochten hiene neffens de offisier de yntinsje om har eangst oan te jagen troch har privee te reitsjen.

Thús mei de bern

Beide brannen soargen foar in libbensgefaarlike situaasje: de auto's stiene op minder as in meter fan it hûs, wylst de advokate en har bern op bêd leine. In ynwenner fan Noardwâlde (34) is dêrfoar oppakt. De man ûntkende, mar waard yn maart 2020 troch de rjochtbank foar beide brânstichtingen feroardiele ta trije jier sel en tbs.

By in pro-formasitting op 13 augustus joech de man ûnferwachts iepenheid fan saken. Hy joech ta dat er de auto's fan de advokate yn 'e brân stutsen hie en hy joech ek de nammen fan syn opdrachtjouwers. Koart dêrnei iepene justysje it ûndersyk opnij. Op 26 augustus waarden de oanwiisde opdrachtjouwers oanholden. It gie om in 38-jierrige man út Ljouwert en in 55-jierrige ynwenner fan Burgum.

Saaklik konflikt

De Ljouwerter wie oait eigener fan de CMS-werf yn Ljouwert en de advokate wie de kurator nei it fallisemint fan dy werf. De twadde fertochte, in 55-jierrige ynwenner fan Burgum, soe de bemiddeler west ha. Hy soe yn opdracht fan de werfbaas de man út Noardwâlde ynskeakele ha om de auto's yn 'e brân te stekken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)