Gemeente Opsterlân leit harsels lêst ûnder twangsom op om rubber kerrels

09 mrt 2021 - 13:49

De gemeente Opsterlân leit harsels in saneamde lêst ûnder twangsom op. Dat dogge se om't se ferskate fersiken krigen de fersprieding fan rubber kerrels op keunstgersfjilden yn de gemeente foar te kommen.

Foto: Henk Bootsma

Saakkundigen sizze dat der oant no ta te min ûndersyk dien is nei it gefaar fan de rubberen kerrels dy't oer de keunstgersfjilden struid wurde. Dy wurde makke fan âlde autobannen en soene mooglik kankerferwekkend wêze kinne.

De gemeente wol harsels net oars behannelje as oare partijen. Dêrom de lêst ûnder twangsom. Dat betsjut dat de gemeente no 12 moanne de tiid hat om maatregels te nimmen dy't derfoar soargje dat de situaasje ferbetteret. Dêrby moat de gemeente foldwaan oan artikel 13 fan de Wet bodembescherming (Wbb).

Trefwurden: 
Opsterlân keunstgers rubber
(Advertinsje)
(Advertinsje)