19-jierrige hurdrider rekket yn Drachten rydbewiis en auto kwyt

09 mrt 2021 - 13:21

In begjinnend bestjoerder is dit wykein syn rydbewiis kwytrekke doe't hy mei 139 kilometer de oere op 'e teller troch Drachten skeurde. De 19-jierrige man ryd op de Noorderhogeweg yn it doarp. Dêr is de maksimum snelheid 50 kilometer de oere.

Foto: Omrop Fryslân

Neist it rydbewiis fan de man waard ek syn auto yn beslach naam. Dêrom moast de man nei ôfrin op it plysjeburo ophelle wurde troch heit en mem.

(Advertinsje)
(Advertinsje)