Fries Museum keapet portret Anna van Hannover

It Fries Museum yn Ljouwert hat in bysûnder skilderij oankocht. It giet om in portret fan Anna van Hannover, de frou fan steedhâlder Willem IV. Sy wennen yn de jierren tritich en fjirtich fan de achttjinde iuw yn Ljouwert.
© Fries Museum
Marlies Stoter fan it Fries Museum
It portret is út de tiid dat de jonge prinses krekt yn Ljouwert wenne. It is makke troch de Fryske skilder Bernardus Accama, dy't in soad wurke foar it Fryske Hôf.
It skilderij is nei de simmer te sjen yn de grutte tentoanstelling Icons mei noch folle mear portretten.